Heidehipper
Mantsje yn simmerkleed
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Passeriformes (Moskeftigen)
Famylje: Miggesnappers (Muscicapidae)
soarte
'Oenanthe oenanthe'

De heidehipper (Oenanthe oenanthe), fitop, kwikkert, stienbikker of stienfûgeltsje (Nederlânsk: tapuit) is in sjongfûgel út it skaai Oenanthe (kwikkerts) fan de ûnderfamylje Saxicolinae (paapkefûgels). Dizze ûnderfamylje waard earder as lytse lysterfûgels beskôge, no rekkene ta de famylje Muscicapidae (Miggesnappers). It is in fûgel fan drûge, sânige en rotsige gebieten dy't foerazjearret op de grûn en briedt yn kninehoalen. Heidehippers binne trekfûgels, en binne simmerdeis yn hiel Europa te finen. Teffens komme se foar yn Aazje en op beskate plakken yn noardwest- en noardeast-Kanada, Grienlân en Alaska. It is de ienichste fan de famylje dy 't sa fier noardlik foarkomt. Alle fûgels oerwinterje yn lykwols Afrika en moatte somtiids 1500 oant 2000 km nei harren briedgebiet ôflizze.

Skaaimerken Bewurkje

Grutte: 14.5-15.5 cm; Spanwiidte: 26-32 cm; Gewicht: 17-30 gram; Aaien: 5-6; Briedtiid: 14 dagen; Snaffel: koart en fyn. It mantsje kriget yn de maitiid in simmerkleed (briedkleed).

Fiedsel Bewurkje

Heidehippers frette meast ynsekten, mar ek spinnen, slakken en wjirms. Yn de hjerst ite hja ek wol beien.

Yn Nederlân Bewurkje

 
Heidehipper yn winterkleed
 
Oenanthe oenanthe oenanthe

Yn Nederlân is de heidehipper in seldsume briedfûgel yn de dunen en sânferstowingen. De soarte brette foaral op de Waadeilannen en ek wol yn de dunen fan Noard-Hollân en Súd-Hollân. Al yn de jierren '60 wienen der oanwizingen dat de fûgel efterút gie. Yn de jierren 1990 waard de heidehipper seldsum yn de dunen fan it fêstelân. Yn it binnenlân komt de heidehipper noch geregeldwei foar op de drûge heidefjilden en sânferstowingen op de Feluwe, yn Drinte en Súdeast-Fryslân. Benammen op it (Aekingersân by Appelskea) hâldt de heidehipper it út.[1] Trochstrings rekket de heidehipper lykwols hurd yn de bedelte. SOVON rûst de efterútgong tusken 1990 en 2007 op goed 5% it jier, en dêrnei noch mear: der briede yn 2007 noch sa'n 700 en yn 2018 mar sa'n 300 pear yn Nederlân.[2] De fûgel is yn 2007 as bedrige op de Nederlânsk Reade List byskreaun.
As gast is de fûgel net sa seldsum. Yn april/maaie en yn septimber binne rûnom yn Nederlân heidehippers op trochtrek waar te nimmen.

Taksonomy Bewurkje

De heidehipper kint fjouwer ûndersoarten:

  • Oenanthe oenanthe leucorhoa ("Grienlândske heidehipper"): Noardeast-Kanada, Grienlân, Iislân
  • Oenanthe oenanthe oenanthe: Noard- en Midden-Jeropa, Sibearje, Noardwest-Amerika
  • Oenanthe oenanthe libanotica: Súd-Jeropa, Súdwest- en Midden-Aazje
  • Oenanthe oenanthe seebohmi ("Swartkielheidehipper"): Noardwest-Afrika; dizze ûndersoarte wurdt ek wol as aparte soarte (Oenanthe seebohmi) sjoen.

Ferskaat Bewurkje

  • Bewenners fan (eardere) heidedoarpen wurde wol gekjeiend 'heidehippers' (of 'heidepiken') neamd.

Keppeling om utens Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 9074345212
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van de tapuit in Nederland
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oenanthe oenanthe fan Wikimedia Commons.