Slach by de Egadyske Eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} {{Ynfoboks militêr konflikt |campaign= |conflict = Slach by de Egadyske Eilannen |partof = de Earste Punyske Oarloch |image = Ofbyld:Aegadian_Islan..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 jan 2021 om 04.51

De Slach by de Egadyske Eilannen wie in seeslach en de beslissende slach yn de Earste Punyske Oarloch tusken it Kartaachske Ryk en de Romeinske Republyk en einige yn in Romeinske oerwinning. De slach waard op 10 maart 241 f.Kr. útfochten by de Egadyske Eilannen bewesten Sisylje.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Slach by de Egadyske Eilannen
Part fan de Earste Punyske Oarloch

Kaart fan de Egadyske Eilannen
datum: 10 maart 241 f.Kr.
plak: Egadyske Eilannen, westlik Sisylje
útkomst: Romeinske oerwinning
Ein fan de Earste Punyske Oarloch
Ferdrach fan Lutatius
konfliktpartijen
Kartago Romeinske Republyk
befelhawwers
Hanno de Grutte Gaius Lutatius Katulus
Kwintus Falearius Falto
sterkte
• 250 quinquiremes • 200 quinquiremes
ferliezen
• 50 quinquiremes ta sinken brocht
• 70 quinquiremes yn beslach nommen
• 10.000 manlju finzennommen
• 30 quinquiremes ta sinken brocht
• 50 quinquiremes skansearre

Oanrin

Yn de jierren foar de slach wie it reedlik rêstich. De Romeinen wiene net hastich harren float op te helpen dy't skansearre rekke yn de Slach by Drepana en de dêrop folgjende stoarm. Kartago makke lykwols gjin gebrûk fan dy foardiel, om't de kriich almeast hjir en dêr op it lân yn Sisylje útfochten waard. Dêrby makke generaal [[Hamilkar Barka grutte winsten, sa't Kartago grutte kontrôle oer it eilân krige. Dat wie faaks ien fan de redens dat Rome besleat en help de float fannijs op, om de hearskippij op de see werom te bemachtigjen.

Nei 2o jier fan kriich wie de steatskas sa goed as leech. Rike lju, yn groepen of persoanlik, foar harren heitelânsleafde besleaten finansjeel mei te helpen, fansels mei de garânsje op dat se werombetelle waarden yn gefal mei in Romeinske oerwinning op Kartago. Dat late ta it in float fan mear as 200 quinquiremes boud en bemanne sûnder oerheidsútjeften.

De nije float wie ree yn 241 f.Kr. Konsul Gaius Lutatius Katulus krige de lieding mei help fan praetor Kwintus Falearius Falto. De skippen wiene folle sterker en waarsbestindich boud.

Ek yn Kartago, dêr't men heard hat fan de warberens fan de Romeinen, mar ek in tekoart oan finansjele middels hie troch de kriich, waard oan in nije float boud fan 250 skippen, dy't alhiel oerbeleste waarden. Kartago hie gjin ferfierskippen mear en dêrfoar waarden ek kriichsskippen brûkt, dy't folle waarden mei in ûnbedreaune bemanning ûnder lieding fan generaal Hanno de Grutte dy't de Slach by Agrigentum en de Slach by Kaap Eknomus ferlern hie.