Rijkele Sijtzema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
 
==Libben ûnder de oarloch==
Sijtzema wie lid fan 'e [[Nederlânske Lânwacht|Lânwacht]], de [[kollaboraasje|kollaborearjende]] [[plysje]]tsjinst fan 'e [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]. In Johan de Wilde, in [[Joaden|Joad]] dy't troch de [[Sicherheitsdienst]] oppakt wie, bea him begjin [[1945]] 500 [[Nederlânske gûne|gûne]] oan om him ûntkomme te litten. Nei't dat syn beslach krigen hie en Sijtzema betelle wie, moast er sels [[ûnderdûken|ûnderdûke]]. Op syn ûnderdûkadres by in brêgewachtster yn 'e omkriten fan [[Raerd]] hied er geregeldwei [[rûzje|spul]] mei trije oare ûnderdûkers. Sijtzema drigeminte by sokke gelegenheid gauris, û.m. mei in [[boksbûgel]]. Hy bliek ek in [[dief]] te wêzen en fan 'e oare ûnderdûkers te [[stellerij|stellen]].
 
Op [[10 febrewaris]] [[1945]] kaam it spul ta in klimaks. Sijtzema woe nei hûs en liet him dat net ûntprate. It [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|ferset]] koe soks lykwols net talitte om't der grutte kâns bestie dat er dan troch de [[Nazy-Dútslân|Dútsers]] pakt wurde soe. En hy wist dingen dy't oare minsken yn gefaar bringe soene as er dy útbrocht oan 'e besetter. Dêrom waard Sijtzema op in [[pleats]] by [[Boazum]] brocht, dêr't leden fan it ferset yn ûnderling oerlis besleaten dat er [[eksekúsje|eksekutearre]] wurde moast.