Calvados (departemint): ferskil tusken ferzjes

Frânsk departemint
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "thumb|''Lokaasje fan Calvados yn Frankryk'' '''Calvados''' is in Frânsk departemint en hat as haadstêd Caen. It is ien fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. Calvados leit net fier fan Parys en in soad ynwenners fan de haadstêd besitte in twadde hûs yn Calvados of bringe dêr harren wykeinen troch. Dêrom wurdt Calvados ek wol it plattelân fan Parys neamd. == Skiednis =..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 jul 2021 om 10.41

Calvados is in Frânsk departemint en hat as haadstêd Caen. It is ien fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. Calvados leit net fier fan Parys en in soad ynwenners fan de haadstêd besitte in twadde hûs yn Calvados of bringe dêr harren wykeinen troch. Dêrom wurdt Calvados ek wol it plattelân fan Parys neamd.

Lokaasje fan Calvados yn Frankryk

Skiednis

Calvados is ien fan de oarspronklik 83 departeminten, dy't yn de tiid fan de Frânske Revolúsje op 4 maart 1790 stifte binne. Ynearsten waard de namme "Orne inférieure" útsteld, mar lang om let waard keazen foar Calvados, de namme fan in pear rotsen foar de kust.

Neffens in oerlevering soe it departemint de namme te tankjen hawwe oan it skip "Salvador", dat by de Spaanske Armada hearde. De Armada wie op reis nei Ingelân en de Salvador fergyng yn 1588 op de rotseftige kust fan Normandje. De folktaal makke fan El Salvador "Calvador". It is lykwols oannimliker dat de namme ôflaat is fan calva dorsa (bleate rêch), in ferwizing nei twa keale rotsen foar de kust.

Geografy

Calvados is ferdield yn 4 arrondisseminten, 25 kantons en 528 gemeenten.

Calvados wurdt omfieme troch de departeminten Seine-Maritime, Eure, Orne en Manche. Noardlik leit de baai fan de Seine. Eastlik foarmet de Seine de grins mei Seine-Maritime. Under Calvados falle de Bessin, de Pays d'Auge en it gebiet dat bekend stiet as Suisse normande (Normandysk Switserlân).

Demografyske ûntjouwing

Kultuer

It griene lânskip, de krytrotsen oan de kust, de Normandyske arsjitektuer, in rige stêden, de skiednis fan de Willem de Oermasterer, casino's en lúkse hotels meitsje fan it gebiet ien fan de meast besochte toeristyske gebieten fan Frankryk.

Yn Bayeux is it Tapijt fan Bayeux te sjen en dat is ien fan de populêrste toeristyske plakken fan de streek. De strannen fan Normandje wiene it plak, dêr't de alliearde striidkrêften yn 1944 in begjin makken fan de befrijing fan West-Europa. Yn de streek binne in soad musea en miltiêre begraafplakken te finen. De ferearing fan Sint-Theresia bringt in soad pylgers nei it beafeartsplak Lisieux, dêr't hja libbe yn de Karmel. Alle jierren wurdt yn septimber yn Deauville it Festival du Cinéma Américain (Festival fan de Amerikaanske Film) en yn Cabourg it Festival du film Romantique (Festival fan de Romantyske Film) organisearre. De stêd Caen fiert alle jierren it muzykfestival Nördik Impakt.

Yn Calvados wurdt troch in minderheid fan de befolking it lokale dialekt Augeron praat.

It lân leveret in grut tal streekspesjaliteiten lykas sider en en calvados en de tsizen camembert en Pont-l'Évêque.

Ofbylden


Keppeling om utens