Mien Ruys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
+ynfoboks
No edit summary
 
Rigel 22:
 
''Bielzen Mien'' waard har bynamme yn Nederlân, omdat hja de foaropfrou fan it gebrûk fan spoarbylsen yn tunen wie, eat wat fral yn de jierren '70 tige populêr wie. Sy brûkte graach rjochte foarmen: rjochthoeken, fjouwerkanten en dúdlike linen. Se wie yn Nederlân ien fan de earsten dy't earnstich omtinken hie foar lytse stedstunen. De ''Stichting Tuinen Mien Ruys'' ûnderhâldt yn Dedemsfeart noch in tal tunen yn de styl fan Mien Ruys: de [[Tunen fan Mien Ruys]].
 
Yn 1942 naam sy ûntslach út it Bûn fan Nederlânske Túnarsjitekten út protest tsjin harren kollaboraasje mei de Dútske besetter. Omdat se gjin lid wie fan de Kultuerkeamer waard se wurkleas, mar wurke se wol oan it konsept foar it [[Nasjonaal Park De Hege Feluwe]].<ref>http://www.historici.nl/Onderzoek/Projecten/DVN/lemmata/data/d</ref>
 
Yn [[1954]] rjochte sy mei har man - útjouwer Theo Moussault - it blêd ''[[Onze Eigen Tuin]]'' op. 1958-1959 ûntwurp sy foar- en tegearre mei [[Gerrit Rietveld]] de tunen om it troch Rietveld betochte fabryksgebou fan weverij ''De Ploeg'' hinne, yn [[Bergeijk (plak)|Bergeijk]], dy't oant de dei fan hjoed as 'doarpstún' bestiet.
Line 55 ⟶ 57:
*[http://www.tuinenmienruys.nl/nl/ De Tunen Mien Ruys]
*[http://www.onzeeigentuin.nl/ Tydskrift: ''Onze Eigen Tuin'']
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Ruys, Mien}}