Joeri Andropov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|300px|Andropov '''Joeri Vladimirovitsj Andropov''' (Nagoetskaja (Kraj Stavropol, Ruslân), 15 juny 1914 — [[Mos…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 mai 2009 om 21.52

Joeri Vladimirovitsj Andropov (Nagoetskaja (Kraj Stavropol, Ruslân), 15 juny 1914Moskou, 9 febrewaris 1984) wie in Sovjet-Russyske politikus.

Ofbyld:Andropov Head on Lubyanka.jpg
Andropov

Yn 1936 waard Andropov funksonaris fan de kommunistyske jongereinorganisaasje Komsomol. By de earste grutte suvering (de paranoïde Jozef Stalin liet hûnderten regearings en leger funksjonarissen op beskuldiging fan spionaazje of ferried eksekutearje) klom Andropov snel op yn de Komsomol. Hy waard yn 1939 lid fan de kommunistyske partij fan de Sowjetuny en makke karriêre yn Moskou. Yn 1940 waard hy sekretaris fan Komsomol.

Doe't de Dútsers yn de Twadde wrâldkriich binnen foelen focht hy as in partisaan efter de Dútske liny’s. Der kaam hy yn oanrekking my de Russyske feilichheidstsjinst (NKVD) de lettere KGB). Nei de kriich krige Andropov in soad wichtige partijfunksjes. Nei de dea fan Jozef Stalin waar hy yn 1953 fuort promovearre en ambassadeur fan de USSR yn Hongarije. Hjir wist hy de Hongaarske opstân del te slaan troch de sittende politisy te arrestearjen. Tsjinstanners neamde him wreed. De lieders fan de Hongaarske opstân wêrûnder Pál Maléter en Imre Nagy, waarden koarte tiid letter eksekutearre. Nei de Hongaarse opstan kaam Andropov werom yn de heechste rangen fan de CPSU.

Yn 1967 beneamde Leonid Brezjnev, doe de lieder fan Sowjetuny, Andropov ta haad fan de KGB. Hy soe dit seis jier dwaan, dêrnei waard Andropov lid fan it Politburo, it heechste orgaan fan de Kommunistyske partij.

Doe't Brezjnev begin novimber 1982 ferstoar beneamde it politburo Andropov ta sekretaris generaal fan de partij. Hy waard de machtichste persoan fan de Sowjetuny. Ien fan syn belangrykste rivalen wie Konstantin Tsjernenko, dy’t nei him de lieder fan de Sowjetuny soe wurde. Andropov seach yn dat de steat fan de ekonomy fan de Sowjetuny net goed wie, Hy fierde in oantal herfoarmingen yn. Ek pakte hy de korrupsje oan fan sowjetambtners. Ferskillende minsken waarden oppakt. Ek waarden er ekonomyske eksperiminten hâlden yn de foarm fan it nije ekonomyske meganisme. Andropov soarge der ek foar dat de lettere Michail Gorbatsjov yn it politburo kaam. Gorbatsjov soe de ideeën fan Andropov in pear jier letter as lieder útfiere. Troch syn minne sûnens koe Andropov net de noadige herfoarmingen troch fiere. Artsen fûnen út dat hy diabetes hie en in te hege bloeddruk mei groanyske problemen mei syn nieren. Yn 1983 koe Andropov net by de jierlikse parade wêze fan it reade leger. Brezjnev dy’t in jier derfoar hast dea del foel wie der doe wol.

Andropov ferstoar op 9 febrewaris 1984 yn Moskou. Hy waard doe opfolge troch Konstantin Tsjernenko.