Hermannus Collenius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: De Like - Verwijzing(en) gewijzigd naar De Like (plak)
Rigel 2:
'''Hermannus Collenius''' ([[1650]] - [[1723]]) wie in [[barok (stylperioade)|barokke]] keunstskilder út [[Kollum]]. Hy skildere yn de [[17e ieu]] benammen grutte histoarjestikken en mytologyske tafrielen.
 
Kollum wie troch syn lizzing eartiids bot op [[Grinslân]] rjochte. Herman syn heit Piter Douwes wie goudsmid en syn pake wie dûmny yn Kollum. Tusken [[1671]] en [[1678]] wenne Herman yn [[Amsterdam]] en boude dêr in goede namme op. Mooglik hat er ek in reis nei [[Itaalje]] makke. Ein [[1679]] sette hy him nei wenjen yn [[De Like (plak)|De Like]]. Hjir dekorearde hy in pear grutte keamers en in soad skilderijen. Troch in grute brân yn [[1850]] op de Nienoard binne mar in pear doeken bewarre bleaun. Ek it stedhûs fan [[Grins (stêd)|Grins]] waard troch him dekorearre. De protestant Colennius die ek opdrachten foar de roomske tsjerke lykas de skilderingen 'Ten himel opnimming fan Marije' en 'De Sillige Dea'.
 
Hermannus hie ek in learskoalle foar jonge skilders. Yn syn wurken brûkt hy in soad oranje en djipreade tinten lykas by it ûndergean fan de sinne. It jout syn wurken in hast fleurige útstrieling.
Rigel 8:
Benammen rike Grinslanner reginten en [[Ommelannen|Ommelanner]] jonkers woenen graach in skilderij fan harren sels hingjen hawwe yn harren [[boarch|borgen]] dy't al fol hongen mei goudlearbehang en djoere meubels.
 
Colennius beskildere harren souders, wanden en doarren. De portretten moasten ek ryk oan dwaan. Yn de [[Menkemaboarch]] hingje noch fjouwer fan syn skilderijen. Ek yn de borgen Verhildersum by [[Leens]] en [[Nienoard]] yn [[De Like (plak)|De Like]] hingje skilderijen fan syn hân.
 
== Literatuer ==