Feanterij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
Sjoch ek
oanfollinkje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Peat artisanal exploitation2.jpg|thumb|Feangrûn gaadlik om turf fan te stekken]]
[[Ofbyld:Gieterse methode.jpg|thumb|Ferfeantsjen neffens de Giterske metoade]]
'''Feanterij''' is it weiheljen fan in [[fean]]laach, wêrby der boulân, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan [[fean]] wie oantreklik omdat it as brânstof brûkt wurde kin. Yn de [[Midsieuwen]] waard út sâltich fean (moer) ek [[sâlt]] wûn oant it om wettersteatkundige reden ferbean waard.
 
Foar it winnen fan dy brânstof, [[Turf (brânstof)|turf]], binne yn Fryslân en dêrbûten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwêzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ôfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd [[bolster]], fermingd wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket, ûntstiet [[dalgrûn]]. As leechfean ôfgroeven wurdt, ûntsteane der, troch de hege wetterstân, puollen en marren.