Klaas Hoekstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Klaas Hoekstra''' (Aldehaske, 21 maart 1938 - It Hearrenfean, 25 oktober 2012) wie in Frysk oersetter. == Biografy == Hoekstra folge d...
 
L [[]]
Rigel 1:
'''Klaas Hoekstra''' ([[Aldehaske]], [[21 maart]] [[1938]] - [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[25 oktober]] [[2012]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] oersetter.
 
== Biografy ==
Hoekstra folge de [[kweekskoalle]] op It Hearrenfean en waard skoalmaster, ûnder oare yn [[Haskerhoarne]], [[Aldskoat]] en [[Lúnbert]]. Hy hie altiten in soad belangstelling foar skiednis, literatuer en skilderkeunst, dat hy mocht dan ek graach skilderje en muzyk meitsje. Yn 'e rin fan de tiid hie er al in peartal teksten oerset en skreau er toanielstikken foar bern. Dêrnei begûn er mei it oersetten fan ''[[The Canterbury Tales]]'' fan de Ingelske skriuwer [[Geoffrey Chaucer]]. It ferheljend dichtwurk giet oer pylgers dy't ûnderweis nei [[Canterbury]] inoar ferhalen fertelle. De oersetting kaam yn 2010 út by [[Utjouwerij Elikser]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Klaas Hoekstra fersoarge earder al, tegearre mei syn soan, foar de oersettingen fan in tal gedichten fan [[John Brown]], dy't ferskynden yn de bondel ''Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down'', útjûn by de [[Koperative Utjouwerij]] yn 2006. Yn 'e bondel steane ek gedichten fan de Fryske dichter [[Bartle Laverman]] oer plakken yn Fryslân en [[Ierlân]], mei byldzjend wurk fan Tjibbe Hooghiemstra.