Boere-arbeider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Seine - Verwijzing(en) gewijzigd naar seine (ark)
L [[]], tsja .. Moat oars.., faaks letter
Rigel 1:
Earder hiene hast alle boeren in '''boerearbeider''' of feint. Jonges, foaral fan de doarpen, út arbeidersfermiddens gongen nei de [[legere skoalle]] nei de boer. Dan moasten sy it melken leare. De [[Ko|kij]] waarden moarns en jûns mei de hân molken. Simmers molken se de kij yn 'e [[jister]] en winters op 'e stâl yn it bûthús.
 
Swier wurk wie it mjuksjen, de stront yn 'e dongkroadedong[[kroade]] skeppe en op 'e rûchskerne bringe. De mjuksplanke wie winters wol ris wat glêd, dan wie it in hiele toer om it teplak te krijen.
 
Maitiids kaam it lânwurk. Noch wat letter waard it [[gers]] meand, want it moast [[hea]] wurde. De ûngetiid stie dan foar de doar. De einen waarden earst mei de [[seine (ark)|seine]] foarmeand en it oare wie foar de meanmasine, lutsen troch in hynder. It gers moast yn 'e sinne droegje, dan waard it hea en dat wie winterdei it fretten foar de kij.
 
Guon arbeiders ieten dan op 'e [[pleats]], it wie sa drok en it naam tefolle tiid as se nei hûs moasten. De arbeiders makken dan lange dagen fan moarns ier oant jûns let.
Wie it gers droech dan waard it mei de masine keard en letter byinoar skood ta wurdzen. As it goed droech wie, setten se it yn reakken, dat wiene grutte opers en koe it weidloegjen begjinne. It weidloegjen wie in krekt wurkje, it [[hea]] waard heech opsteapele, de kanten earst opsette, dan kaam de midden fansels. Mei in bynpeal setten se it fêst. Dan gong it op 'e skuorre ta en dêr kaam it yn 'e golle. It hea moast tige droech wêze, want oars begûn it te broeien. Sa binne der wol pleatsen yn 'e brân rekke. De hearoeder kaam lâns om dat yn 'e gaten te hâlden.
 
Rigel 13:
 
[[Kategory:Lânbou]]
[[Kategory:BeropHistoarysk berop]]