Oerlis:Haadside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 129:
:Ik winskje elkenien folle lok en seine foar it nije jier. --[[Meidogger:Bouwe Brouwer|Bouwe Brouwer]] ([[Meidogger oerlis:Bouwe Brouwer|oerlis]]) 2 jan 2016, 21.14 (CET)
::Dan sil it moarn wol goed komme. Ik gean der net mei omgrieme en lit it sa. As in oarenien der mei oan'e gong wol hat er myn segen. Groetnis --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] ([[Meidogger oerlis:Geoffrey|oerlis]]) 3 jan 2016, 12.40 (CET)
 
== Wikipedy en Detaplan Digitalisearring ==
 
Bêste minsken. By Tresoar en it Deltaplan Digitalisearring wurdt sjoen nei mooglikheden om ynformaasje fan Tresoar oan te bieden oan en fia de Wikipedia / DBpedia. Tink oan bylddonaasjes fan Tresoar (Wikimedia Commons), mar ek oan ynformaasje beskikber te stellen fia in breed droegen platfoarm (Wikipedia) dy't al beskikber is op eigen kanalen byg. Sirkwy.nl. Dêrneist wurdt der sjoen nei mooglikheden fan linken nei DBpedia yn it ramt fan Linked Data.
 
Op dit stuit wurde artikels yn de Wikipedy net harfesten (as dat it goeie wurd is) troch de Nederlânske DBpedia. Sy binne yn kontakt mei DBpedia en ûndersykje oft en hoe't dat feroare wurde kin. As dat aansen wol it gefal is, komt alle data yn de Wikipedy as Linked Open Data beskikber yn de digitale ynfrastruktuer. Sa ûntsteane der folle mear ferbinings online en kin ynfo makliker fûn en dield wurde. Sa wurdt de doelgroep fan de Fryske Wikipedy ek fergrutte. It doel fan it Digitalisearringsplan is om alle erfgoedsynstellings yn Fryslân mei-inoar te ferbinen, sadat de ynfo oer Fryslân makliker te finen is. Dêr kin de Wikipedy in grutte rol yn spylje.
 
Ik bin frege om it ferhaal wat út te lizzen, om't ik wol wat bekend bin mei de Wikipedy. De minsken fan Tresoar en it Digitalisearringsplan wolle graach mei meidoggers yn kontakt komme, om te sjen wat der allegear mooglik is en wat beide partijen foar inoar betsjutte kinne. [[Meidogger:HansLaagland|Hans Laagland]] kin jim dêr mear oer fertelle. Jim kinne him freegje, as jim wolle.
 
Graach fernim ik fan jim wat jim der fan fine. Ik bin benijd! Groetnis, [[Meidogger:MeinRei|MeinRei]] ([[Meidogger oerlis:MeinRei|oerlis]]) 7 jan 2016, 13.54 (CET)
Werom nei de side "Haadside".