Wikipedy oerlis:Mienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2.741:
::*By it weromdraaien fan dit eartiidse fernederlânsking wienen der plaknammen dy't ûngelyk ferfryske waarden. Dat late ta meardere ferfryskings foar deselde plaknamme, eltse bewurker like syn eigen stavering te kiezen. En dan is der noch de offisjele bûtenlânske namme (yn dat gefal kinne de begjinlettersC/Q/V stean bliuwe). Hoe fierder de topografyske nammen fuortlizze, hoe lestiger it ferfryskjen wurdt. (New Delhi/Nij Delly/ Nij Delhi) Nammen as Nij Delly wurkje ferfrjemdzjend en roppe by de lêzer fragen op. It oproppen fan fragen liket my no krekt net in taak fan in ensyklopedy.
::*Wat soe by ferfryskjen liedend wêze moatte: de werkenberheid, de Fryske foarheaksels stean litte (New=>Nij, Laag=>Leech), analogy of histoaryske ôflieding.. ensfh.? Om nije (en âlde) brûkers hâldfest te jaan binne meardere (ûngelikense) ferfryskings foar inselde plak net winsklik. Om dat foar te kommen en op te lossen jout in standertlist wat dúdlikheid en hâldfêst. Dat is gjin edikt, mar in helpmiddel dat yn goed oerlis ta stân komd is. Boppedat kin sa'n list nei ferfolchoerlis fergrutte of ynkoarten wurde. [[Meidogger:Frou Watzema|Frou Watzema]] ([[Meidogger oerlis:Frou Watzema|oerlis]]) 29 jun 2019, 08.32 (CEST)
Dêrom. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 29 jun 2019, 21.52 (CEST)
Werom nei de projektside "Mienskip".