Karel de Grutte: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L st |
|||
Rigel 13:
Wat as in strafekspedysje tsjin de [[Saksen (folk)|Saksen]] begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe en dy't te boek steld waard as de [[Saksenkriich]]. Yn [[772]] foel er mei in grut leger de Saksen oan en de [[Friezen]] eastlik fan de [[Lauwers]]. Hy fersloech harren yn in tal slaggen en dêrtroch kamen it lêste ûnôfhinklik-bleaune Fryske gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.
Under oanfiering fan [[Widukind]] kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn [[782]] oan
By de Friezen late dy polityk ta in soad ûnfrede. Yn [[793]] kamen de gebieten eastlik fan de [[Lauwers]] dêr tsjin yn opstân, ûnder oanfieren fan de hartoggen [[Unno]] en [[Eilrad]]. Dy ôpstân late ta in tydlike weromfal nei it [[heidendom]]. Kristlike sindingen as Liudger waarden op 'e flecht jeie. Mar de opstân waard lykwols fuort troch de Franken delslein en de Friezen kamen op' e nij ûnder de kwint.
|