Jutlân

skiereilân fan Noard-Jeropa

Jutlân is in skiereilân yn Noard-Europa. It noardlik part heart ta Denemark, it súdlik diel ta Sleeswyk-Holstein.

Skiereilân

Namme bewurkje seksje

De namme Jutlân komt fan de Juten, in Germaanske stam. Sy teagen yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren mei de Angelen, Friezen en Saksen nei Grut-Brittanje.

De Latynske namme foar Jutlân is Jutlandia.

De Grykske geograaf Ptolemaeus neamde Jutlân nei de stam fan de Kimbren. It kin goed wêze dat Ptolemaeus dy namme net brûkte foar it skiereilân, mar foar in baai.

Grins bewurkje seksje

Jutlân wurdt begrinzge troch de Noardsee yn it westen en de Eastsee yn it easten.

Der binne ferskillende kritearia foar de súdgrins:

  • De steatsgrins tusken Denemark en Dútslân. Dat is ek de grins tusken Noard-Sleeswyk en Súd-Sleeswyk;
  • De súdgrins fan Sleeswyk, dêr't de rivier de Eider streamt;
  • Somtiden wurdt it histoaryske gebiet Holstein ek ta Jutlân rekkene.

Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

Ta it Deenske part fan Jutlân wurde trije fan de fiif Deenske regio's rekkene:

De dielsteat Sleeswyk-Holstein beslacht it Dútske part fan it skiereilân.