Piter Tanjé (Boalsert, 15 febrewaris 1706Amsterdam, 29 juny 1761) wie in 18e iuwsk Nederlânsk grafikus, etser, tekener en kopiist

Selsportret (1760)

Biografy bewurkje seksje

Neffens it RKD wie er boatsjonge op de beurttsjinst tusken Boalsert en Amsterdam dy't yn syn frije tiid grafyske ûntwerpen foar snúfdoazen makke. Hy hie sa'n protte súkses mei syn snúfdoazen dat Jacob Folkema him oantrune ta ynskriuwen by de Amsterdamske Stadsacademie; dat die er op syn 24e en waard dêr learling fan Bernard Picart, Jacob Houbraken, Cornelis Troost en Jacob de Wit. Hy grafearre goed 100 platen foar Johan fan Gool's boek mei keunstnersbiografyen, Nieuw Schouburg (1750), meast neffens portretsketsen fan Aart Schouman. [1]

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter Tanjé by de RKD