Wikipedy oerlis:Frjemde geografyske nammen

Lêste reäksje: 11 jier lyn troch Geoffrey by it ûnderwerp Barcelona/Barselona

Suffisk -boarch/-burch bewurkje seksje

Wy kinne Lúksemboarch en Lúksemburch skriuwe. It Frysk Hânwurdboek hat Lúksemboarch as standert. Ik stel út om yn dizze advyslist de standert skriuwwize -boarch oan te hâlden.

Ik woe it sa graach beskriuwe:
Yn dizze list is it suffiks -boarch as standert keazen, it suffiks -burch docht net mei. Dy kar is makke om't it Frysk Hânwurdboek it suffiks -boarch foar kar nimt as standert.
Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Kopenhagen/Keappenhaven bewurkje seksje

Wat skriuwe wy no? Kopenhagen of Keappenhaven? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Kopenhagen is sprek- en skriuwtaal. Lykwols soe ik Keappenhaven ek foar kar nimme wolle. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 19 jul 2012, 22.18 (CEST)Beäntwurdzje

Sint-Pitersboarch? bewurkje seksje

Wy kinne foar it Russyske plak Sint-Pitersboarch aardich wat betinke. Wy soenen der bygelyks ek Sint-Petersburch fan meitsje kinne. Sjoen nei it konsekwint brûken fan it suffiks -boarch soe ik foar Sint-Pitersboarch kieze wolle. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Barcelona/Barselona bewurkje seksje

Barselona hat persoanlik myn foarkar. Miskien binne der oaren dy't dat net sa fine. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Barselona hat ek myn foarkar. --Geoffrey (talk) 26 okt 2012, 15.42 (CEST)Beäntwurdzje

Ryn/Rein bewurkje seksje

Fryske skriuwers brûke meastentiids 'Ryn', wylst de measte Fryskpraters it oer de 'Rein' hawwe. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Krekt dit foarbyld is in pleit om by it 'oersetten' nei it Frysk ta fan in frjemde topografyske namme oan te sluten by 1.) de útspraak troch de nammejouwer (it grutste part fan de rivier giet troch Dútsk taalgebiet) en mooglik 2.) it wurdbyld yn de taal fan de nammejouwer. De Ingelsen hawwe it oer 'Rhine' en de Nederlanners oer 'Rijn'. Mar de Friezen binne by de lêsten te lien gien en hawwe it wurdbyld feroare yn Ryn en dêrmei de kombinaasje mei de Dútske útspraak trochknipt. Hawar, de namme Ryn is no ferstille yn it Frysk, dat wy sille soks no mar sa skriuwe.Yn 'e Wâlden (talk) 19 jul 2012, 19.29 (CEST)Beäntwurdzje
De Ryn is alteast yn de skriuwtaal hiel bot yntegrearre. Ik soe leaver net wer in nije diskusje oer de skriuwwize dêrfan begjinne wolle. Dêrom nim ik Ryn foar kar. Dochs begryp ik de motivaasje fan de Wâldman. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 19 jul 2012, 22.18 (CEST)Beäntwurdzje

Kabûl/Kaboel bewurkje seksje

De measte skriuwers brûke 'Kabûl'. Yn it boek Oxzana, ferhaal fan in flechtling wurdt it alteast sa skreaun. Ek op de online nijsside It Nijs sjoch ik faker 'Kabûl' as 'Kaboel'. Myn foarstel is om 'Kabûl' yn de list op te nimmen. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2012, 19.49 (CEST)Beäntwurdzje

Mei iens--Geoffrey (talk) 26 okt 2012, 15.41 (CEST)Beäntwurdzje

Lannen dy't op "je" ynstee fan "ië" einigje bewurkje seksje

Wike wy net bot ôf fan dizze list mei ús lannen dy't op je einigje, bygelyks Albaanje, Austraalje, Itaalje ensfh. --Geoffrey (talk) 18 jul 2012, 21.51 (CEST)Beäntwurdzje

Miskien moatte wy no ek net te swart-wyt. Yn it boekje stavering fan drs.F.B. Dijkstra fan de AFUK: In soad nammen fan lannen einigje yn it Nederlânsk op ië. Yn it Frysk wurdt dy foarm meast ek oanholden. Mar in Fryskere foarm is ek mooglik: Skandinaavje, Albaanje Armeenje ensfh. Litte wy troch standerdisaasje no net krekt de Fryskere foarm fuortsmite. Ik soe dy Fryskere foarm ek graach oan ús list taheakje.Yn 'e Wâlden (talk) 19 jul 2012, 11.52 (CEST)Beäntwurdzje
Wat 'Frysker' is, is arbitrêr. It giet úteinliks mar om in skriuwwize. Om it foar de minsken maklik te hâlden is it handich dat wy ien skriuwwize hawwe. It Frysk Hânwurdboek hat al in standert jûn, en ik tink dat wy dat foarbyld simpelwei folgje moatte. Wat ik mei dizze list perfoarst net bewurkmasterje wol, is dat de iene foarm de oar út it stee kringt. It is by einsluten mar in advyslist. Dochs is it de baas en kies ien standert. As wy de skriuwwize je brûke, dan jout dat allinnich mar mear betizing. As wy de skriuwwize brûke, dan slute wy ús oan by it wurdboek en hawwe wy ien (ridlik) dúdlike standert.
De diskusje oer je of lei yn 'e ferwachting, mar fyn ik net winsklik. Hieltyd wer as der standert skriuwwizen ôfpraat binne, begjinne bepaalde minsken (mei alle respekt) de diskusje wer op 'e nij. Diskusje is goed, mar besteande ôfspraken akseptearje is better. Dan kinst nammentlik fierder mei de standardisaasje fan frjemde geografyske nammen. No begjinne wy hieltyd wer by it begjin. It liket my dêrom de baas dat wy de skriuwwize fan de Fryske Akademy (dé autoriteit op dit mêd) oernimme sadat wy ek in kear fierder kinne. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 19 jul 2012, 22.18 (CEST)Beäntwurdzje
Ik fyn dit slim en lit it earst mar eefkes sa, want op sicht bin ik it iens mei Algillis, mar de je-foarm hat by my de foarkar. Gean moarn earst twaënheale mei fakânsje. Gr. --Geoffrey (talk) 19 jul 2012, 22.33 (CEST)Beäntwurdzje
As de foarm op it Frysk eksamen akseptearre is, dan is der winliken gjin probleem om him njonken de oare foarm yn de list te setten. Wy moatte ús taal net dea standerdisearje. Soks is grif net de bedoeling fan hokker ynstânsje dan ek. De taal jout ommers gauris twa of trije farianten. As ik by it hifkjen in foarm sjoch dy't ik net ken, dan sjoch ik ek de boeken derop nei. Bestiet er, dan lit ik him stean fansels. Oars soe ik ommers oan de oare syn taalbelibjen komme.Yn 'e Wâlden (talk) 20 jul 2012, 17.50 (CEST)Beäntwurdzje
De je foarm hat by my altyd de foarkar ynstee van de ië foarm.
Werom nei de projektside "Frjemde geografyske nammen".