Willem Barentsz (skip út 2019)
De Willem Barentsz is in fearboat fan rederij Doeksen dy't in regelmjittige feartsjinst tusken Harns, Flylân en Skylge ûnderhâldt. It skip is ferneamd nei Skylger seefarder en kartograaf Willem Barentsz.
Willem Barentsz | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skylge | |
eigner | Rederij Doeksen | |
skiednis | ||
werf | Strategic Marine, Fjetnam | |
kyllizzing | 15 july 2016 | |
tewetterlitting | 22 jannewaris 2019 | |
yn de feart | 3 juli 2020 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
subtype | Katamaran | |
lingte | 70 m. | |
breedte | 17,3 m. | |
djipgong | 2,6 m. | |
passazjiers | 700 | |
oandriuwing | 2x MTU single fuel LNG-motoren | |
maks. faasje | 14 knopen (26 km/o) | |
opmerkings | Sústerskip fan de Willem de Vlamingh |
It skip is tagelyk mei har susterskip Willem de Vlamingh op de Strategic Marine werf yn Venerging Tàu (Fjetnam) boud. Yn de maitiid fan 2019 binne de skippen op it dek fan in swiere-ladingskip fan Fjetnam nei Nederlân oerfearn. Nei de oankomst yn Nederlân ein maaie 2019 die bliken dat beide skippen by de reis wetterskea oprûn hawwe troch swiere reinfal. Fanwegen de wiidweidige werstel wurksumheden wie de yngebrûkstelling fan it skip pas yn july 2020. Sûnt 13 jannewaris 2021 is de MS Willem Barentsz haadboat foar de ferbining Harns-Skylge. De Friesland is sûnt dy tiid reserveskip en wurdt brûkt foar ekstra ôffearten. De Midsland waard ferkocht.
Op 14 septimber 2022 makke rederij Doeksen bekend de Willem Barentsz foar earst út de haadtsjinstregeling te heljen fanwege de hege prizen fan it saneamde miljeufreonlike brânstof LNG dêr't de Willem Barentsz op fart. [1]. Op 20 oktober datselde jier makke de rederij bekend dat de prizen foar de boatkaartsjes yn 2023 ferhege wurde om de djoere brânstof betelje te kinnen. [2].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|