Friesland (skip út 1989)

De Friesland is in fearboat fan rederij Doeksen dy't oant 2021 in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Skylge ûnderhâld. Sûnt 2021 ha de Willem Barentsz en de Willem de Vlamingh de haadtsjinstregeling, mar yn 2022 waard dit al wer weromdraaid fanwege de djoere brânstof dêr't de beide Willems op farre. It is it twadde skip fan rederij Doeksen dat fart ûnder dizze namme. De earste Friesland waard yn 1988 ferkocht nei Zwijndrecht.

Friesland
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshaven Skylge
eigner Rederij Doeksen
skiednis
werf Van der Giessen de Noord, Nederlân
kyllizzing 20 juny 1988
tewetterlitting 19 desimber 1988
oplevere 17 febrewaris 1989
yn de feart 30 juny 1989
status Yn tsjinst
bysûnderheden en sifers
type Fearboat
subtype RoRo
lingte 69 m.
breedte 16 m.
djipgong 2,7 m.
passazjiers 1350
oandriuwing 2 * MaK BM 332 dieselmotor, 2941 kW, 2 skroeven
maks. faasje 14 knopen (25 km/o)

It skip is fan Nederlânske makkelij en is yn 1988 boud troch Van der Giessen-de Noord yn Krimpen aan den IJssel Súd-Hollân, yn opdracht fan Rederij Doeksen, en is dêr op 19 desimber fan itselde jier te wetter litten. Nei earst wat problemen mei fergunningen is se yn juny 1989 op de feartsjinst Harns-Skylge yn de feart naam.

De Friesland hat twa autodekken om mear kapasiteit te bieden by in grutte fraach foar persoanewein transport. Wannear't de boppeste, hefbere autodekken brûkt wurde, kin der gjin rôljend materieel mei in grutte hichte bygelyks frachtweinen oan board.

Op de Friesland is in promenadedek mei in grutte hal dêr't de fuotgongers it skip ynkomme. Op it salondek is in buffet en in bar. Oan de sydkanten fan it skip is romte om bûten te sitten en hielendal boppe op it skip is in grut sinnedek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: