Friesland (skip út 1956)
De Friesland is in fearboat fan rederij Doeksen dy't fan 1956 oant 1988 in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Skylge ûnderhâldt. Sûnt 1989 hat de nije Friesland de tsjinstregeling oernaam.
De Friesland waard yn 1988 ferkocht nei Zwijndrecht dêr't it skip de namme Carolina krige; yn 1992 krige it skip syn âlde namme wer werom. Yn 1996 kaam it skip wer yn 'e ferkeap en gie it nei Sieriksee dêr't it brûkt waard as rûnfeartskip op de Easterskelde.
Sûnt 2002 leit it skip yn Inkhuzen en fart it as farrend monumint op de rûte Inkhuzen-Medemblik yn oanslúting op de Museumsteamtram Hoarn-Medemblik. As gefolch fan de koroana pandemy waard it skip yn de simmer fan 2020 wer efkes hierd troch Rederij Doeksen om tegearre mei de Holland reizigers nei Skylge te bringen[1]. Ek yn de simmer fan 2021 waard de Friesland troch Doeksen ynset no om't de Koegelwieck problemen mei de motoren hie en dêrtroch net ynset wurde koe.[2]
Friesland | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Inkhuzen | |
eigner | Rederij Gebhard | |
oare namme(n) | Carolina (1988-1992) | |
skiednis | ||
werf | NV Scheepswerf en Machinefabriek Alphen P. de Vries Lentsch, Alfen oan de Ryn | |
tewetterlitting | 17 desimber 1955 | |
yn de feart | 16 juny 1956 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
lingte | 52 m. | |
breedte | 10 m. | |
djipgong | 2,4 m. | |
passazjiers | 1270 | |
oandriuwing | Werkspoor TMAS 336 dieselmotor, 625 PK | |
maks. faasje | 12 knopen (22 km/o) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|