Holland (skip út 1951)

De Holland is in seesleepboat fan rederij Doeksen dy't fan 1951 oant 1975 yn tsjinst wie en 161 slagge bergingen ferrjochte, yn de simmers waard de boat brûkt yn in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Skylge. It is it fjirde skip fan rederij Doeksen dat dizze namme krige.

Holland
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshaven Harns
skiednis
werf Ferus Smit, Foxhol
kyllizzing april 1950
oplevere novimber 1951
yn de feart desimber 1951
status Museumskip
bysûnderheden en sifers
type Sleepboat
lingte 57 m.
breedte 9,5 m.
djipgong 3,7 m.
tonnaazje 570 ton
passazjiers 804
oandriuwing Werkspoor type TMABS 3910, 2750 PK, 1499 kW

Yn de jierren foar de Twadde Wrâldkriich hie Doeksen grutte plannen. Der waarden yn betreklik koarte tiid de nedige slepers oankocht. Yn 1939 waard by J. Smit & Soan yn Foxhol in sleepboat besteld mei in fermogen fan hast 4500 pk en in snelheid fan 18 knopen yn de oere. It soe de sterkste en fluchste sleepboat fan dat momint wurde. De namme: Holland. Mei syn prachtige stroomline in jacht ûnder de sleepboaten. It totale sleepfermogen fan de float fan Doeksen soe yn koarte tiid op hast 10.000 pk brocht wurde.

De kriich smiet roet yn it iten. De sleepboaten waarden foar it meastepart foardere, earst troch ús eigen marine, letter troch de Dútske. Ferskate oerlibben de kriich net. Nei de kriich wie it dus wer werom by ôf. Om't der yn de earste jierren nei de kriich in soad skippen boppe de waadeilannen yn de problemen kamen, waard besocht de float sa gau as mooglik wer op te bouwen, foar it meastepart mei betreklik lichte sleepboaten. In soad mear sil der ek net te krijen west hawwe.

Dêrom waard yn 1950 besletten in nij skip bouwe te litten, nei it idee fan de Holland II. Ek dit skip waard besteld by Scheepswerf J. Smit & Zoon, Foxhol. Yn desimber fan 1951 waard it skip levere oan rederij Doeksen. It skip waard doopt en de Holland wie in feit.

Yn 1923 hie Doeksen de feartsjinst fan Harns nei Skylge en Flylân oernaam. De feartsjinst wie lange tiid bysaak foar rederij Doeksen. As der simmerdeis in soad drokte wie mei de feartsjinst, sprongen sleepboaten lykas de Holland by foar passazjiersferfier. De skippen wiene multyfunksjoneel.

Nei 1960 naam it tal bergingen hieltyd fierder ôf, De sleepboaten fan Doeksen hearden net mear ta de modernste. Nije skippen hiene in folle grutter motorfermogen, dûbele skroeven en roeren en boechskroeven. Allegear saken dy't de Holland net hie. Yn 1975 gie de Holland farren as ûndersyksfartúch foar Rykswettersteat, Direksje Noardsee. Doeksen ferhierde de Holland oant 1998 oan de oerheid. Al gau giene de sleeplier en de beting fan board. Op it efterdek waarden kranen en frames pleatst, oer de masinekeamer stie in kontener mei dêryn in grutte sintrifúzje. En yn 1990 kaam der in boechskroef en waard de motor fan de brêge ôf betsjinber makke.

Yn 1999 waard it inisjatyf naam, foar de oprjochting fan in Stichting ta behâld fan de Holland, wêrmei't de sleepboat fan de sloop rêden waard. Mei help fan frijwilligers waard de sleper sa goed as mooglik yn oarspronklike steat werombrocht. Sûnt 2000 is de Holland yn hannen fan de Stichting Zeesleepboot Holland.

It skip kin saaklik en partikulier hierd wurde. Sûnt 2006 is de Holland in offisjele troulokaasje foar de gemeenten Harns en Skylge. As gefolch fan de koroanapandemy waard it skip yn de simmer fan 2020 wer efkes ynset troch Rederij Doeksen om tegearre mei de Friesland reizigers nei Skylge te bringen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: