Willem Mook (Beetstersweach, 2 maart 1954 - Ljouwert, 6 july 2019)[1] wie in keunstner dy't yn Ljouwert wenne. Hy wie tekenlearaar yn Frjentsjer en Harns.

Willem Mook
keunstner
Willem Mook
Willem Mook
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Mook
berne 2 maart 1954
berteplak Beetstersweach
stoarn 6 july 2019
stjerplak Ljouwert
wurkpaad
wurksum as Tekenlearaar
Keunstskilder
Willem Mook (1998)

Hy krige syn oplieding oan Ubbo Emmius, syn earste eksposysje wie yn 1993. Willem Mook wie skilder, tekener, yllustrator, grafysk foarmjouwer. Yn syn frije tiid makke er tradisjonele en figurative tema's lykas neakens, stillibbens yn tradisjonele techniken lykas oaljeferve en potlead en sa, mar ek yn moderne digitale techniken. Mook hat in protte lânskippen skildere yn It Bilt mei syn iepen lânskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken lân, loft en wetter.
Willem Mook beskôge neakens as it útprobearjen om in earlik portret te meitsjen fan it minsklik lichem as in artistike en monumintale bydrage oan 't minsklik libben en kultuer. Hy woe dat nij ûntdekke litte en net foarspelber, faaks in hast taastbere wrâld foar sawol de skilder as de oanskôger.

Eksposysjes hat er û.o. hân Tokio, Barselona en Aldtsjerk. Der hinget wurk fan him yn Japan en Barselona. Mook makke yllustraasjes foar it eardere Frysktalige tydskrift Frysk en Frij, de KFFB, de Q en de Ljouwerter Krante.

Mook stoar yn de âldens fan 65 jier oan de gefolgen fan diabetes en apneu.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: