Willem Röell
Willem Röell (Frjentsjer, 12 april 1700 – Utert, 27 oktober 1775) wie in anatoom en is - as leafhawwer fan de plantkunde - de grûnlizzer fan de Keukenhof. Hy waard bewâldhawwer fan de WIC en direkteur fan de Sosjeteit fan Suriname.
Biografy
bewurkje seksjeWillem (ek wol Guilielmus) Röell wie de soan fan Herman Alexander Röell, professor yn de teology oan de Universiteit fan Frjentsjer. Yn 1725 promovearre hy by Boerhaave. Yn 1727 krige de doe 89-jierrige professor Frederik Ruysch in assistint yn de persoan fan Röell, dy't de anatomyske kolleezjes foar de sjirurgyns oernaam by it Collegium Medicum. Johannes Burman fersoarge de botanyske kolleazjes yn de Hortus Botanicus. Yn 1731 waard hy beneamd ta professor yn de anatomy en praelector yn de sjirurgy oan it Athenaeum Illustre fan Amsterdam. In 1733 troude hij mei Elisabeth de Famars. In 1739 kocht er in hûs op de Keizersgracht, net fier fan de Leidsegracht. Yn 1735 moete hy Linnaeus, dy't hy holp mei it opbouwen fan de kolleksje fan George Clifford op de Hartekamp by Heemstede. Yn 1746 kocht hy sels in lânguod en bewenne tweintich jier lang yn de simmer Kastiel Keukenhof by Lisse.
As bewâldhawwer fan de WIC beneamde hy yn 1753 in nij te wetter litten skip Keukenhof, dat yn 1770 'ôflein' waard. Yn 1754 waard hy beneamd as direkteur fan de Soasjeteit fan Suriname. Hy tsjinne 19 jier en levere medisinen en krûden. Röell wie eigener fan in twa plantaazjes yn de Berbice, yn it hjoeddeise Britsk Guiana. Röell ferwaarloaze syn kolleezjes en waard yn 1762 as anatoom opfolge troch Petrus Camper. Yn 1774 wie hy de ienige bewâldhawwer fan de Surinaamse Mineralen Compagnie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem Röell fan Wikimedia Commons. |