Keukenhof
Keukenhof ek wol bekend as de Tún fan Jeropa is ien fan de grutste blommetunen yn 'e wrâld en leit yn de gemeente Lisse yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Neffens de webside hat de Keukenhof in oerflak fan 32 hektare en wurde der jierliks liernôch 7 miljoen blombollen plante. Hoewol't de Keukenhof ferneamd is om syn tulpen, binne der ek in stikmannich oare blommen te sjen, lykas hyasinten, narsissen, leeljes, roazen, anjelieren en irissen.
Keukenhof | ||
park | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
plak | Lisse | |
koördinaten | 52° 16' 8" NB 4° 32' 50" EL | |
gegevens | ||
oerflak | 32 hektare | |
iepening | 1949 | |
arsjitekt | W. van der Lee | |
behearder | Stifting greve Carel van Lynden | |
besikers | 1 miljoen | |
foarsjennings | www.keukenhof.nl | |
offisjele webside | ||
www.keukenhof.nl | ||
kaart | ||
De Keukenhof leit yn 'e Dún- en Bollekrite. It park is it hiele jier iepen foar privee-oangelegenheden en feesten, mar de Keukenhof is allinnich foar it grutte publyk iepen foar in wrâldferneamde tulpe-eksposysje fan acht wike lang yn 'e maitiid fan helave maart oant healve maaie, mei in pyk om mids april hinne. Yn 2019 wiene der 1,5 besikers, dat útkomt op 26.000 besikers deis. Te ferlikenjen, it Ryksmuseum yn Amsterdam krijt in trochsneed fan 8.000 besikers deis en de Efteling 14.000 besikers.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Keukenhof leit op it 15e iuwsk jachtmêd fan Slot Teylingen. It wie de grientetún fan it kastiel, of ek wol kokentún, want it levere wyld, fee, fruit en grienten. De meast bekende bewenner en begeunstige wie grevinne Jakoba fan Beieren (1401-1436). Yn 1638 waard it lângoed kocht troch Adriaen Maertenssoan Block, kommandeur fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Yn 1641 liet er in grut lânhûs bouwe, dat er Keukenhof neamde, dat hjoed-de-dei it Kastiel Keukenhof is.
Yn 1857 joegen baron en baronesse Van Pallandt, doetiids eigeners fan it lângoed, lânskipsarsjitekt Jan David Zocher en syn soan Louis Paul Zocher, beide ûntwerpers fan it Amsterdamske Vondelpark, de opdracht en rjochtsje it mêd om it kastiel hinne fannijs yn. De parken, dy't ûntwurpen waarden yn Ingelske styl, bleaune de fûneminten fan de tunen.
It hjoeddeistige park waard yn 1949 oprjochte troch in konsortsium fan bollekwekrs en blomme-eksporteurs om har produkten sjen te litten en de eksportyndustry te stypjen. De tún iepene foar it publyk yn 1950 en krige 200.000 besikers yn it earste jier. It park falt ûnder in woldiedigensstifting fan Carel, greve fan Lynden, de lêste eigener fan Kastiel Keukenhof.
Keukenhof, het park zoals het nu bekend staat, werd in 1949 opgericht door een consortium van bollenkwekers en bloemenexporteurs om hun producten te laten zien en de exportindustrie te ondersteunen. De tuin opende voor het publiek in 1950 en ontving 200.000 bezoekers in het eerste jaar.[13] Het park valt onder een liefdadigheidsstichting van Graaf Carel De Gaaf van Lynden.
De tunen
bewurkje seksjeAlle jierren, yn 'e hjerst plantsje 40 túnkers 7 miljoen blombollen dy't oan it park skonken wurde troch mear as 100 kwekers. It plantsjen set begjin oktober útein en is almeast dien op 5 desimber, om Sinteklaas hinne. De blombêden wurde synchronisearre mei de ferskate bloeiperioaden fan de blombollen om defoar te soargjen dat se bloeie yn 'e acht wike dat it park iepen is. Om wis te wêzen fan in it algeduerigen bloeien yn de acht wike, wurde der op alle plakken trije blombollen plante. De ûndjipste bol bloeit as earste algeduerigen trije wike, en dêrnei de folgjende lagen.
Njonken de tulpetunen hat Keukenhof noch in tal oare tunen. De Ingelske lânskipstún hat kringeljende paden en ferrassende trochkykjes. It ommuorre part fan de histoaryske tún hat argyffariëteiten. Yn 'e Natoertún wurde strewelleguod en fêste planten kombinearre mei bolgewaaksen. De Jaanske lanlike tún is in net-tradisjonele tún yn in natoerlike omjouwing. Fjouwer paviljoenen húsmanje blomme-útstallings.
Iepening
bewurkje seksjeIt terrein fan Kastiel Keukenhof is gâns it jier iepen en wurdt gaurs brûkt foar feesten lykas Castlefest en in krystmerke Yn it kastiel wurde ek klassike muzykkonserten holden.
De Blommekorso Bollekrite begjint alle jierren yn april yn Noardwyk en einiget yn Haarlim en komt alle jierren del yn Keukenhof.
Besikers
bewurkje seksjeYn 2017 hie de Keukenhof 1,4 miljoen besikers, dêr't 20% Nederlanners fan wiene, wylst 40% út Dútslân, it Feriene Keninkryk en Belgje kamen. It tal besikers fan 'e Feriene Steaten (10%) en [[Sina (8%) hat de lêste jierren woeksen.
Jier | Besikers | Jier | Besikers | |
---|---|---|---|---|
2008 | 835,000 | 2015 | 1,175,000 | |
2009 | 850,000 | 2016 | 1,143,000 | |
2010 | 800,000 | 2017 | 1,400,000[1] | |
2011 | 884,000 | 2018 | 1,400,000[2] | |
2012 | 875,000 | 2019 | 1,500,000[3] | |
2013 | 849,000 | 2020 | 0[4] | |
2014 | 1,020,000 | 2021 | 30,000[5] |
Besikers it lân yn it seizoen fan 2019:[6][7]
Country | % visitors |
---|---|
Nederlân | 20% |
Dútslân | 15% |
Feriene Steaten | 10% |
Frankryk | |
Feriene Keninkryk | |
Sina | 4% |
Behear
bewurkje seksjeKeukenhof falt ûnder de woldiedigensstifting fan greve Carel van Lynden. Mei yngong fan 1 jannewaris 2016 is de stifting eigener fan sawol de Keukenhof as Kastiel Keukenhof en it omlizzende lângoed.[8]
Omset
bewurkje seksjeDe Keukenhof krijt gjin subsydzje fan de oerheid. Ynkomstren wurde út 'e kaarteferkeap en de hoarekafergunninghâlders op it mêd helle. Yn 2019 krige de Keukenhof €25 miljoen oan ynkomsten.[9] Yn 2020 as gefolch fan de koronapandemy en slutingen dy del te bêdzjen, waard it parlk sletten gâns dat seizoen, itjinge it park in rûsde €25 miljoen oan ynkommen koste.[10]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Keukenhof fan Wikimedia Commons. |