Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland
Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland (Ingelsk: William de Moravia; Sutherland (Skotlân), ±1250 – dêre, desimber 1330) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman fan mingd Skotsk-Flaamsk etnysk komôf. Hy stiet ek wol bekend as Willem fan Sutherland of koartwei as Willem Sutherland. De oantsjutting 'fan Moraavje' ferwiisd nei (de latinisearre foarm) fan 'e Skotske krite Moray, en hat neat te krijen mei Moraavje yn East-Jeropa.
Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Wapen fan de greve fan Sutherland | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1250 | |
berteplak | Sutherland (Skotlân) | |
stjerdatum | desimber 1330 | |
stjerplak | Sutherland (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Sutherland | |
etnisiteit | Skotsk Flaamsk | |
greve fan Sutherland haadman fan 'e Clan Sutherland | ||
amtsperioade | 1??? – 1330 | |
foargonger | Willem fan Moraavje | |
opfolger | Kenneth fan Moraavje |
Libben
bewurkje seksjeWillem fan Moraavje waard omtrint 1250 berne as de âldste soan fan Willem fan Moraavje, 2e greve fan Sutherland, en in ûnbekende mem. It is net bekend wannear't er syn heit opfolge as greve fan Sutherland en haadman fan 'e Clan Sutherland.
Der is oer him net folle bekend, behalven dat er yn 1320 ien fan 'e 51 foaroansteande Skotske eallju wie dy't de Ferklearring fan Arbroath ûndertekenen, wêrmei't Skotlân nei de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch formeel syn selsstannigens weromnaam.
Willem fan Moraavje stoar yn desimber 1330, nei't it skynt yn 'e âlderdom fan likernôch 80 jier. Hy hie gjin soannen, en waard sadwaande opfolge troch syn tritich jier jongere broer Kenneth fan Moraavje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |