Kenneth fan Moraavje, 4e greve fan Sutherland
Kenneth fan Moraavje, 4e greve fan Sutherland (Ingelsk: Kenneth de Moravia; Sutherland (Skotlân), ±1279 – Halidon Hill (Skotlân), 19 july 1333) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman fan mingd Skotsk-Flaamsk etnysk komôf. Hy stiet ek wol bekend as Kenneth fan Sutherland of koartwei as Kenneth Sutherland. De oantsjutting 'fan Moraavje' ferwiisd nei (de latinisearre foarm) fan 'e Skotske krite Moray, en hat neat te krijen mei Moraavje yn East-Jeropa.
Kenneth fan Moraavje, 4e greve fan Sutherland | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1279 | |
berteplak | Sutherland (Skotlân) | |
stjerdatum | 19 july 1333 | |
stjerplak | Halidon Hill (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Sutherland | |
etnisiteit | Skotsk Flaamsk | |
greve fan Sutherland haadman fan 'e Clan Sutherland | ||
amtsperioade | 1330 – 1333 | |
foargonger | Willem fan Moraavje | |
opfolger | Willem fan Moraavje |
Libben
bewurkje seksjeKenneth fan Moraavje waard omtrint 1279 berne as de twadde soan fan Willem fan Moraavje, 2e greve fan Sutherland, en in ûnbekende mem. Hy folge yn desimber 1330 syn folle âldere broer Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland, op as greve fan Sutherland en haadman fan 'e Clan Sutherland.
It tinken is dat Kenneth troude mei Marije (of Marjorie) fan Mar, de widdo fan 'e yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch troch de Ingelsen eksekutearre Skotske ealman Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl. Hja wie de dochter fan Donald I, greve fan Mar en Helena de Jongere, in oerwûne dochter fan Llywelyn de Grutte, prins fan Wales. Marije har suster Isabella fan Mar wie de earste frou fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Kenneth focht as fazal fan 'e Skotske kening David II, de soan fan Robert de Bruce, mei yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357). Dêrby kaam er op 19 july 1333 om yn 'e Slach by Halidon Hill, doe't er mei Hugo, greve fan Ross it befel fierde oer de foarhoede fan it Skotske leger.
Neiteam
bewurkje seksjeKenneth fan Moraavje hie de folgjende bern út syn houlik mei Marije fan Mar:
- Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland (<1314-1370)
- Nikolaas fan Sutherland (±1314-1363), stamheit fan 'e lairds fan Duffus
- Eustachia fan Sutherland (1316-1???), troude mei Gilbert Moray, soan en erfgenamt fan Reginald Moray fan Culbin
- in ûnbekende dochter, troude mei George Monro de Jongere fan Foulis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |