Donald I, greve fan Mar

Donald I fan Mar, greve fan Mar (Skotsk-Gaelysk: Domhnall a Màrr; Kastiel fan Kildrummy (Skotlân), 12?? – ?, wierskynlik 1302) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie de earste skoanheit fan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't yn 1306 as Robert I op 'e Skotske troan komme soe.

Donald I fan Mar
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 12??
berteplak Kastiel fan Kildrummy (Skotlân)
stjerdatum 1302
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Mar
etnisiteit Skotsk
greve fan Mar
amtsperioade 12761302
foargonger Willem
opfolger Gartnait

Donald waard mids trettjinde iuw berne as de soan fan Willem, greve fan Mar, in foarfal dat nei alle gedachten plakfûn op it Kastiel fan Kildrummy, yn Aberdeenshire, dat de residinsje fan 'e greven fan Mar wie. Nei it ferstjerren fan syn heit folge Donald dyselde yn 1276 op as de sânde greve (mormaer) fan Mar. Yn 1284 joech er him by de Skotske eallju dy't Margareta, de saneamde 'Faam fan Noarwegen', as kroanprinsesse fan Skotlân en erfgenamte fan har pake Aleksander III erkenden. Nei't yn 1290 troch Margareta har ûntidich ferstjerren de Skotske troan fakant rekke wie, ûntjoech Donald him ta in fjurrich oanhinger fan 'e troansoanspraken fan it Hûs Bruce.

Donald wie troud mei Helena de Jongere fan Wales, de oerwûne dochter fan Llywelyn de Grutte, de prins fan Wales, dy't earder troud west hie mei Malcolm II, greve fan Fife. Mei Helena krige Donald twa dochters en trije soannen, wêrfan't de âldste, Gartnait, him letter opfolgje soe. Syn dochter Isabella hylke Donald út oan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't yn 1306 as Robert I op 'e Skotske troan komme soe. Hoewol't hja al yn it earste houliksjier yn it kreambêd kaam te ferstjerren, waard har dochter Marjorie, dy't mei Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân troude, de mem fan Robert II fan Skotlân, dy't yn 1371 kening waard. Dêrmei wie hja de stammem fan it Hûs Stuart. Donald syn oare dochter Margareta wie troud mei Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl.

De lêste kears dat Donald fan Mar yn in histoaryske boarne neamd wurdt, datearret út 1297, en de earste kears dat nei syn soan Garnait ferwiisd wurdt as greve fan Mar, wie yn 1305. Earne tusken dy beide jierren moat Donald sadwaande stoarn wêze. Der bestiet lykwols in dokumint út 1302 wêryn't de betingsten foar de fermoedsoening tusken kening Edwert I fan Ingelân en Robert fan Bruce, greve fan Carrick opsomme wurde. Dêryn wurdt û.m. oanhelle dat Robert de fâdij oer Gartnait op him nimme moatte soe, wat ymplisearret dat Donald fan Mar koart dêrfoar stoarn wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.