William Lambarde (Londen, 18 oktober 1536 - 19 augustus 1601) wie in skiedkundige en skriuwer oer juridyske saken.

William Lambarde
Titelside Archeion, or, a Discourse upon the High Courts of Justice in England

Libben en wurk

bewurkje seksje

Lambarde syn heit wie in manufakturier (en trijeris Master of the Worshipful Company of Drapers (lapeferkeapersgilde)), âlderman en sheriff fan Londen. Yn 1556 waard er talitten oan Lincoln's Inn (in soarte feriening fan abbekaten yn Londen). Hy studearre Aldingelsk mei Laurence Nowell en yn 1568 publisearre er in samling fan Angelsaksyske wetten, Archaionomia, dêrta oantrune troch Nowell.

Yn 1570 hie er syn Perambulation of Kent klear, de earste skiednis fan in Ingelske county. It mauskript gie al in skoft rûn foardat it yn 1576 printe waard. It waard in súkses en waard ferskate kearen werprinte. Lambarde tocht der oer om in gergelykber wurk oer hiel Brittanje te skriuwen, mar doe't er hearde dat William Camden al mei in selde projekt dwaande wie seach er dêr fan ôf.

Lambarde erfde de boeken en manuskripten fan Laurence Nowell, faaks siet Beowulf dêr ek by.

Lambarde hat wierskynlik yn it parlemint sitten (Member of Parliament) foar it kiesdistrikt Aldborough fan 1563-1567. Teffens wie er bestjoerslid (bencher) fan Lincoln's Inn en frederjochter (Justice of the Peace) foar Kent.

Lambarde stichte 1576 in earmhûs yn East Greenwich. Elisabeth I beneamde him ta Keeper of the Records yn de Tower yn 1601. Itselde jier rekke er út de tiid wei.

Hy skreau Eirenarcha: or of the Office of the Justices of Peace (1581) in hânboek dat it standertwurk foar dat ûnderwerp wurde soe. Letter hat er noch Archeion, or, A Discourse Upon the High Courts of Justice in England (1591) skreaun, ek in wichtich juridysk wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Lambarde, William" yn Dictionary of National Biography. 1973 repr. ed. Londen: Oxford University Press.
  • J E Neale, The Elizabethan House of Commons (Londen: Jonathan Cape, 1949)
  • Walton, Izaak. The Lives of Donne, Wotton, Hooker, Herbert and Sanderson. Londen: W. Pickering, 1827. s. 469 googlebooks sjoen 12 desimber 2007
  • Retha M. Warnicke, William Lambarde, Elizabethan Antiquary 1536-1601, Phillimore & Co Ltd (1973).