Winiastate (Jouswier)
Winistate (ek 't Heech, Marhiem ) stie oan Winia's Reed op de himrik fan Jouswier. Dêr leine teffens twa ferhege stinsterreinen dy't tusken de 13e en 16e iuw datearre wurde. Beide terreinen waarden yn 1975 oanmerke foar ryksmonuminten.
De Winia State wie ynearsten yn besit fan deselde eigeners as de Eernsmastate. It goed foel út elkoar doe't Tieth fan Meckema's oare soan, Julius, de state Winia urf.[1] Hy wie boaske oan Auck Sickesdr fan Tjessens fan Holwert. Yn 1640 wie Winia besit fan Willem thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, in neef fan Fan Meckema. Yn 1728 wie Allard fan Boerum de eigener, grytman fan Ferwerderadiel. De state waard yn 1758 troch Wilhelmus Bergsma kocht, dy't yn 1728 ek Eernsmastate yn hannen krige hie.
Hjoed-de-dei stiet der in kop-romp-pleats út de 19e iuw op it stee.
Bewenners
bewurkje seksje- Tieth Meckema, 1511 teffens eigeneres fan Eernsmastate
- Pibo Meckema alias Eernsma, boaske Siouck Tiaerda. Soan:
- Feye fan Meckema, boaske (1) Ebel fan Unia en (2) Frou Heemstra. Soan:
- Julius Meckema
- bern fan Willem van Schwartzenberg silger, 1640
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|