Wishram (Washington)

Wishram is in plak (Census-designated place) yn Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It leit oan de noardigge fan de rivier de Kolumbia, 19 km beëasten The Dalles, Oregon. It plak hiet earder Fallbridge en is feroare ta Wishram nei de Wisjram-Yndianen. It plak hie 213 ynwenners neffens de folkstelling fan 2000. De The Dalles Daam, in keardaam yn de Kolumbia by de stêd The Dalles is foltôge yn 1957. Doe is de saneamde Celilo Mar ûntstien, neamd nei de eardere Celilo Falls, wetterfallen dy't flakby Wishram wiene. It eardere fiskersplak wie doe ûnderstrûpt.

Wishram
Wishram fan boppe sjoen mei de Kolumbia en de spoarbrêge en Mount Hood op 'e eftergrûn
Wishram fan boppe sjoen mei de Kolumbia en de spoarbrêge en Mount Hood op 'e eftergrûn
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Sifers
Ynwennertal 342 (2010)
Oerflak 3,3 km² (ynkl. wetter)
3,3 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 98,5/km²
Hichte 54 m
Oar
Stifting 1892
Postkoade 98673
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45°39' 40" N 120° 57' 32" W
Kaart
Wishram fan boppe sjoen mei de Kolumbia en de spoarbrêge en Mount Hood op 'e eftergrûn
Lizzing fan Wishram yn Klicitat County yn 'e steat Washington
Treinstasjon yn Wishram
 
Wishram spoar mei in frachttrein

Op it plak wêr't Wishram leit, boppe de eardere Celilo Falls is al foar 15.000 jier bewenne west troch yndianen. Fiskjen en hannel wiene de wichtichste foarmen fan bestean. Hja leineen steigers oan oer it wetter om salm te fangen. It plak lei op 'e grins fan Sjinûk- en Sahaptysktaligen en wie in strategysk mulpunt foar ferskate hannelswegen. Dat waard ek troch de earste blanken opmurken, wêrûnder Lewis en Clark, dy't hjir yn 1805 lânsstrutsen. Yn 1892 boude de Amerikaanske oerheid in tal slûzen oan 'e súdkant fan de Celilo Falls, mei in kosteplaatsje fan $5.000.000. De slûzen waarden mar bytsje brûkt, want ferkear oer it spoar waard populêrder. De súdlike ferlenging fan de Spokane, Portland and Seattle Railway, dat de Kolumbia oerstiek oer de Oregon Trunk Rail Bridge, kaam by it doarp, dat doe bekend wie as Fallbridge, lâns. Yn 1926 is de namme fan it doarp offisjeel feroare fan Fallbridge nei Wishram.

It plak leit oan State Route 14 en Amtrak hat in stasjon yn it plak. It is in mulpunt foar treinferkear fanút Kalifornje en Oregon en út it westen wei. It stik spoar dat fan Vancouver nei Pasco rint hat noch hieltyd de namme fan Fallbridge. Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 342 minsken, 146 hûshâldings en 83 famyljes, wêrûnder 84,9% blanken, 1,2% swarten, 6,1% yndianen en 8,5% latino's. It trochsneed hûshâldynkommen wie $26.667 en 26,3% libbe ûnder de earmoedegrins.

 
Oregon Trunk Rail Bridge
 
Rivier de Kolumbia by de mûning fan de rivier de Deschutes

It plak wêr't Wishram leit is it gefolch fan twa grutte geologyske ferskynsels, nammentlik de rivier de Kolumbia en de tagong ta it Sintrale Plato fan Oregon oer de rivier de Deschutes wêrfan de mûning oan 'e oare kant fan de Celilo Falls tsjinoer Wishram oan de Kolumbia is. De wetterfallen wiene net allinne gaadlik foar fiskjen, mar ek in maklike oergong fan bygelyks de lettere spoarbrêge. De tsjinoerlizzende delling fan de Deschutes makke in spoarferbining mei Kalifornje mooglik. Wishram leit oan de boppenein fan de Kleau fan de Kolumbia, dat oan 'e ein fan de Mioseen (12-17 miljoen jier ferlyn) foarme is, wêr't grutte lagen Kolumbiabasalt efterlitten is. Dit proses sette troch yn it Pleistoseen (700.000-2 miljoen jier ferlyn). It Cascades berchtme is yn dizze perioade foarme en de rin fan de Kolumbia ferskode stadichoan súdliker nei it hjoeddeistige plak. De rivier feroarsake grutte erosy yn it lânskip, benammen tidens de Missoula Floed oan 'e ein fan de lêste Iistiid. It wetternivo wie doe sa'n 200 meter heger as hjoed-de-dei en erodearre de basaltlagen. Troch dizze rappe erosy kamen de basaltlagen en folkanyske rotsen bleat te lizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.