Wissel (Epe)
Wissel is in buorskip yn de gemeente Epe, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. Wissel leit súdeastlik fan Epe en hat sa’n 200 ynwenners. De buorskip heart by leit súdwestlik fan Epe en hat hast 200 ynwenners. De buorskip heart ek by Epe.
Wissel (Epe) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Epe | |
himrik | Epe | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ±200 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 20' 30" NB, 5° 57' 17" EL | |
Kaart | ||
Wissel is lanlik frij bekend fanwege de eardere bistetún Wissel. Wissel hat in eigen fuotbalferiening SV Wissel. Ek binne der ferskate campings yn Wissel. Dy campings draaie njonken de bistetún en Epe ek op de omkriten. It gebied dêr’t Wissel yn leit is boskich. Ek binne der agraryske stikken lân.
Wissel waard earder beskôge as in eigen wenplak, mar yn de 19de en 20ste iuw feroare dat stadichoan. Yn 2006 is der op 'e nij in diskusje ûntstien oer de status fan Wissel. Doe is der in kommisje oprjochte dy as doel hat, fan Wissel in útbuorren of doarp te meitsjen. De gemeenterie hat him earder alris negatyf útsprutsen oer dat idee.