De wite ibis (Eudocimus albus) is in fûgelsoarte út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae), dy't yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika libbet. De populaasjes fan 'e wite en de besibbe reade ibis oerlaapje inoar yn it easten fan Fenezuëla en kruse dêr ek meiïnoar. Guon ornitologen lykas James Hancock en Jim Kushlan beskôgje de beide soarten as ien inkele soarte.

wite ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai swartwjuktipibissen (Eudocimus)
soarte
Eudocimus ruber
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     trochtrekker
     simmergast
 
Lykas de reade ibis hat ek de wite ibis swarte einen op 'e haadslachpinnen.

De folwoeksen fûgels ha in wyt fearrekleed mei in read gesicht en in reade snaffel. Lykas de besibbe reade ibis hat de wite ibis op 'e bûtenste haadslachpinnen swarte einen. De lange kromme snaffel is read en syn poaten binne ek read. De iris fan 'e fûgel is ljochtblau.

Jonge wite ibissen binne brún en hawwe in wite búk. Juvenilen fan 'e wite en de reade ibis binne min fan inoar te ûnderskieden. Somtiden binne de poaten fan 'e reade ibis donkerder.

Fersprieding

bewurkje seksje

De wite ibis komt it meast foar yn Florida, dêr't yn ien koloanje wol 30.000 fûgels teld binne. Fierder komt de fûgel yn it hiele Karibyske gebiet, oan de east en westkust fan Meksiko en Midden-Amearika en fierder súdlik oan 'e kust fan Kolombia en Fenezuëla foar. Bûten de briedtiid is de fûgel ek fierder fan 'e kust mear it lân yn te sjen. De wite ibis swalket dan om en wurdt ek fier bûten it wenstige ferspriedingsgebiet yn lytse groepen sjoen.

Wite ibissen ite fral lytse wetterdierkes, lykas ynsekten of lytse fiskjes. Yn in grut diel fan syn fesprieding yt de fûgel it leafst rivierkreeften, mar hy kin syn iten oanpasse oan dat wêr't it meast fan is. Mei de lange snaffel giet er yn it wetter op 'e taast nei proaien sûnder se te sjen.

Pearkes binne yn 'e regel monogaam en beide âlders soargje foar de kroast.

Neffens Birdlife International wurdt de populaasje fan 'e fûgel op 210.000 oant 360.000 folwoeksen fûgels rûsd (2020) en yn Noard-Amearika nimt it oantal ta. Dêrfandinne stiet de wite ibis op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:American white ibis (ferzje 26 april 2024)