Wobbe van Seijen (Ljouwert, 24 juny 1947)[1] is in Frysk ûndernimmer en muzykprodusint.[1]

Wobbe van Seijen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wobbe van Seijen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 juny 1947
berteplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt ûndernimmer
jierren aktyf 1963 – no

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Van Seijen waard yn 1947 berne[1] yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert[1] as de soan fan útjouwer en boekhanneler Melis van Seijen.[1] Hy wie in omkesizzer fan 'e skriuwer Ad van Seijen.[1]

Yn 1963 rjochte Van Seijen yn syn berteplak oan 'e Wurdumerdyk de platesaak Bij de Put op.[1] Dêrnjonken fêstige er yn 1972 it platelabel Universe, dat muzyk op 'e merk brocht fan û.o. Pugh's Place, Irolt, Herman Brood en Hans Dulfer.[1] Yn 1983 begûn Van Seijen in twadde platelabel, dat Sound & Vision hiet. Dat joech benammen wurk út Fryske popformaasjes, lykas Kobus gaat naar Appelscha.[1]

Op tongersdei 23 april 2020 waard de opslach fan Van Seijen oan 'e Foarstreek yn Ljouwert troch in útslaande brân folslein ferwoastge.[2] Dêrby gie syn hiele kolleksje ferlern: net allinnich it magazyn fan syn nêstlizzende winkel, mar ek alles fan syn Universe-label en syn privee-samling, mei in protte tige seldsume en dêrom ûnferfangbere platen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2388..
  2. 2,0 2,1 Walthaus, Asing, "Mijn levenswerk is helemaal weg", yn: de Ljouwerter Krante, 28 april 2020, s. 25.