Wolkomstsjerke (Damwâld)

De Wolkomstsjerke is de fermanje fan de doopsgesinde gemeente fan Damwâld.

Wolkomstsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Damwâld (Dantumawâld)
adres Doniawei 34
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1767
offisjele webside
Side fan de gemeente

Op it plak fan in âldere houten skûltsjerke waard op 29 april 1767 troch de twa-jierrige Wyger Martens Wiegersma de earste stien foar in stiennen tsjerke lein. Yn 1910 waard oan de súdlike kant fan de sealtsjerke in oanbou tafoege.

Sûnt 1964 stiet it gebou op de monumintenlist.

 
Oargel

It ynterieur fan de tsjerke waard mei in ferbouwing yn 1974-1975 oanpast. De preekstoel waard ferfongen en foar de tsjerkebanken kamen stuollen yn it plak.[1]

Yn april 2017 fierde de gemeente it 250-jierrich bestean fan de tsjerke.[2]

It oargel fan de Wolkomstsjerke waard yn 1885 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga. Op 17 maaie 1885 waard it ynstrumint yn gebrûk nommen. Yn 2008 waard it front tagelyk mei in opknapbeurt fan it ynterieur wyt skildere.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: