Worp van Peyma
Worp van Peyma (Ternaard, 1795 - Lancaster (New York), 1881) wie in boer en wiskundige dy't him dwaande hâlde mei wetterbou.
Hy pakte praktyske fraachstikken ek teoretysk oan. Van Peyma skreau oer seedefinsje en bestudearre it Middelseeprobleem en de oansluting fan It Amelân op de fêste wâl. Foar Roelof Hessels Hommema makke hy wurktúchkundige berekkeningen.
Van Peyma hie ek kunde oan Arjen Roelofs en brocht yn 1829, in jier nei it ferstjerren fan Roelofs, in boekje oer him út mei de titel Levenberigten van Arjen Roelof Roelofs.
Neidat der yn 1845 slimme jirpelsykte hearske en de ynkomsten minder waarden emigrearre de liberaal Van Peyma yn 1849 nei de Feriene Steaten. Yn Lancaster hold er in learloaierij en in wikselbank yn 't wurk.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|