Worton Hall Studios

De Worton Hall Studios wiene in studiokompleks yn Isleworth, dat ûnderdiel útmakket fan Grut-Londen. Dêr fûnen tusken 1913 en 1952 de opnamen foar gâns films plak. Omreden fan 'e lokaasje stie dit studiokompleks ek wol bekend as de Isleworth Studios of de Isleworth Film Studios, mar it moat net betize wurde mei de eigentlike, lettere Isleworth Studios, dy't (op in oare plak yn Isleworth) bestiene fan 1957 oant 2001.

Worton Hall Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Isleworth (Ingelân)
oprjochte 1913
opdoekt 1952
oprjochter George Berthold Samuelson
kaart
Worton Hall Studios (Grut-Londen)
Worton Hall Studios
Lokaasje yn Grut-Londen.

De Worton Hall Studios wiene fêstige yn it lânhûs Worton Hall yn Isleworth, in plak yn Grut-Londen, bewesten it eigentlike Londen. It lânhûs wie yn 1783 boud en yn 'e njoggentjinde iuw alhiel renovearre en gâns útwreide. Yn 1913 waard it, mei it omlizzende lângoed fan 31/2 ha, oankocht troch filmprodusint George Berthold Samuelson. De keamers op 'e begeane grûn kamen doe yn gebrûk as klaaikeamers, garderôbes, in kantine en kantoaren, wylst de keamers op 'e boppeferdjippings sliepkeamers waarden foar leden fan 'e cast en crew dy't de nacht oerbleaune. Op 1 july 2014 waard it lânhûs offisjeel iepene as studiokompleks.

De earste film dy't der makke waard, wie A Study in Scarlet, in ferfilming fan in Sherlock Holmes-ferhaal fan sir Arthur Conan Doyle. Samuelson soarge sels foar publisiteit troch yn 'e earste jierren fan 'e Earste Wrâldoarloch in fiktyf bioskoopsjoernaal te produsearjen. Yn 'e folgjende jierren waarden in protte stomme films opnommen yn 'e Worton Hall Studios, benammen ferfilmings fan literêre wurken as Little Women fan Louisa May Alcott. Yn 1922 kamen de studio's yn 'e hannen fan British Super Films, dêr't Samuelson grutoandielhâlder fan waard. In djoere rjochtsaak dy't de Amerikaanske aktrise Betty Blythe yn 1928 tsjin him oanspande, twong Samuelson lykwols om 'e Worton Hall Studios te ferkeapjen oan British Screen Productions.

Tsjin 1931 waard it studiokompleks benammen brûkt troch filmstudio Fidelity Films, dy't der films produsearre lykas Madame Guillotine, mei Madeleine Carroll. Yn 1934 waarden de Worton Hall Studios ferpachte oan 'e Hongaarsk-Ingelske filmprodusint sir Alexander Korda, foar't dy yn 1935 yn Buckinghamshire syn eigen Denham Film Studios iepene. Yn 1936 waard yn Worton Hall in diel fan 'e film Things to Come opnommen, nei de roman The Shape of Things to Come fan H.G. Wells. Fan 1936 oant 1944 wiene de Worton Hall Studios eigendom fan Criterion Film Productions en neitiid fan British Lion Films. Yn 1951 waard in grut diel fan 'e aventoerefilm The African Queen, mei Humphrey Bogart en Katharine Hepburn, yn 'e Worton Hall Studios opnommen. Yn 1952 gie it studiokompleks ticht.

Worton Hall waard fan 1952 oant 1972 troch de National Coal Board brûkt as ûndersykssintrum. Dêrnei kaam it lânhûs yn it besit fan 'e wenningkorporaasje Bovis Homes, dy't it omboude ta in appartemintekompleks. Sûnt 1993 is der yn it gebou ek in ôfdieling fan it Britske Driving Standards Agency fêstige, dat riideksamens ôfnimt. In diel fan it lângoed dat by it lânhûs hearde, is no in yndustryterrein.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Worton Hall Studios opnommen binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.