Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen
De wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen binne wrâldkampioenskippen foar ferskate dissiplines en ôfstannen yn it baanhurdfytsen en wurde organisearre troch de UCI.
Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen | ||||
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen | ||||
sport | Hurdfytsen | |||
organisator | UCI | |||
earste edysje | 1893 manlju, 1958 froulju | |||
edysjes | ||||
foarige | 2022 | |||
folgjende | 2023 | |||
|
De kampioenskippen waarden foar it earst yn 1893 hâlden, yn it Amerikaanske Chicago. Dizze kampioenskippen waarden organisearre troch de International Cycling Association. Fan de kampioenskippen fan 1900 ôf naam de UCI de lieding op him. Oant no ta waard der alle jierren in kampioenskip hâlden, mei útsûndering fan 1915-1919 (Earste Wrâldkriich) en 1940-1945 (Twadde Wrâldkriich). By it kampioenskip fan 1939 waard de finale by de sprinters tusken de Nederlanner Arie van Vliet en de Belch Jef Scherens skrast, troch it útbrekken fan de kriich. De Dútser Albert Richter krige syn brûnzen medalje noch al útrikt.
Yn 1958 stiene ek foar it earst dissiplinen foar froulju op it programma. Yn 1993 waard der ôfstapt fan de twa klassen dy 't ûnderskied makken tusken profesjonele hurdfytsers en amateurs.
- Sprint - sûnt 1893
- Teamsprint - sûnt 1995
- Efterfolging - sûnt 1946
- Ploege-efterfolging - sûnt 1993
- Keirin - sûnt 1980
- Omnium - sûnt 2007
- Tiidrid (1 km) - sûnt 1966
- Puntekoers - sûnt 1977
- Scratch - sûnt 2002
- Offalkoers - sûnt 2021
- Koppelkoers - sûnt 1995
- Tandem - fan 1966 oant 1994
- Stayeren - fan 1893 oant 1992
Medaljes
bewurkje seksjeMedaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):
hurdfytster | Totaal | Underdiel | |||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
1 | FRA | Arnaud Tournant | 14 | 3 | 2 | 19 | Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin |
2 | GBR | Chris Hoy | 11 | 6 | 8 | 25 | Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin |
3 | NED | Harrie Lavreysen | 11 | 3 | 0 | 14 | Sprint, Keirin, Teamsprint |
4 | FRA | Florian Rousseau | 10 | 2 | 4 | 16 | Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint |
5 | SUI | Urs Freuler | 10 | 0 | 5 | 15 | Puntekoers, Keirin, Ploege-efterfolging |
6 | JPN | Kōichi Nakano | 10 | 0 | 0 | 10 | Sprint |
7 | AUS | Cameron Meyer | 9 | 4 | 2 | 15 | Ploege-efterfolging, Puntekoers, koppelkoers |
8 | FRA | Grégory Baugé | 9 | 4 | 1 | 14 | Sprint, Teamsprint |
9 | FRA | Daniel Morelon | 8 | 3 | 5 | 16 | Sprint, Tandem, Keirin |
10 | NED | Jeffrey Hoogland | 7 | 8 | 0 | 15 | Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin, Teamsprint |
- Sprint - sûnt 1958
- Teamsprint - sûnt 2007
- Efterfolging - sûnt 1958
- Ploege-efterfolging - sûnt 2008
- Keirin - sûnt 2002
- Omnium - sûnt 2009
- Tiidrit (500 m) - sûnt 1995
- Puntekoers - sûnt 1988
- Scratch - sûnt 2002
- Offalkoers - sûnt 2021
- Koppelkoers - sûnt 2017
Medaljes
bewurkje seksjeMedaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):
hurdfytster | Totaal | Underdiel | |||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
1 | AUS | Anna Meares | 11 | 10 | 6 | 27 | Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m) |
2 | GER | Kristina Vogel | 11 | 1 | 4 | 14 | Sprint, Teamsprint, Keirin |
3 | FRA | Félicia Ballanger | 10 | 1 | 0 | 11 | Sprint, Tiidrit (500 m) |
4 | GBR | Victoria Pendleton | 9 | 5 | 2 | 16 | Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m) |
5 | NED | Kirsten Wild | 9 | 4 | 5 | 18 | Puntekoers, koppelkoers, scratch, omnium |
6 | USA | Sarah Hammer | 8 | 5 | 2 | 15 | Efterfolging, Ploege-efterfolging, Puntekoers, omnium |
7 | BLR | Natallia Tsylinskaya | 8 | 1 | 1 | 10 | Sprint, Tiidrit (500 m) |
8 | GBR | Laura Kenny | 7 | 7 | 1 | 15 | Ploege-efterfolging, scratch, omnium |
9 | GER | Lea Sophie Friedrich | 7 | 2 | 0 | 9 | Tiidrit (500 m), Keirin, Sprint, Teamsprint |
10 | USA | Chloé Dygert | 7 | 0 | 0 | 7 | Efterfolging, Ploege-efterfolging |
Sjoch ek
bewurkje seksje- Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen Manlju/Froulju
- Wrâldkampioenskippen fjildriden Manlju/Froulju
- Wrâldkampioenskippen dykhurdfytsen
- Wrâldkampioenskippen berchfytsen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|