Albert Richter (Keulen, 14 oktober 1912 - Lörrach, 2 jannewaris 1940) wie in Dútsk hurdfytser. Hy waard yn 1932 wrâldkampioen sprint by de amateurs en stie yn de perioade 1933-1939 alle jierren op it poadium by it wrâldkampioenskip sprint foar professionals. Koart nei de jierwiksel fan 1940 waard er nei alle gedachten fermoarde troch de Gestapo.

Albert Richter
sporter
Albert Richter (1932)
Albert Richter (1932)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albert Richter
bynamme de achtsilinder Dútser
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 14 oktober 1912
berteplak Keulen
stjerdatum 2 jannewaris 1940
stjerplak Lörrach
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen,
Baanhurdfytsen
debút 1932
karriêre-ein 1939
wichtige prestaasjes
Baanhurdfytsen
1x goud Wrâldkampioenskippen 1932
2x brûns Wrâldkampioenskippen 1934-1935
5x goud Wrâldkampioenskippen 1933, 1936-1939

Biografy bewurkje seksje

Jeugd en betide karriêre bewurkje seksje

Richter groeide op yn Keulen. Om't syn heit tsjin de hurdfyts aspiraasjes fan syn soan wie, naam er fan syn sechstjinde ôf yn it geheim diel oan wedstriden op de baan en op de dyk. Troch in stikkene skouderbonke kaam dat út, mar Richter sette troch en hearde om syn njoggentjinde hinne ta de bêste amateurs fan Rynlân.

Yn 1932 wûn er de Grand Prix de Paris by de amateurs. Fanwegen jildkrapte by it Dútske hurdfytsbûn waard er net nei de Olympyske Spullen fan dat jier yn Los Angeles ôffurdige. Op 3 septimber 1932 waard er yn Rome wrâldkampioen sprint by de amateurs. Troch dit sukses waard Richter, dy't op dat stuit sûnder wurk siet, koart dêrop professional.

Profesjonele karriêre bewurkje seksje

Op oanrieden fan syn trainer en manager Ernst Berliner operearre Richter út Parys wei, dat destiids as sintrum fan it baanhurdfytsen jilde. Yn Frankryk waard er gau populêr. It publyk joech him de bynamme "de achtsilinder Dútser". Mei ûnder oaren syn freonen Jef Scherens en Louis Gérardin makke Richter diel út fan in rûnreizgjend selskip sprinters dat foar startjild wedstriden tsjin elkoar ried. Fan 1933 ôf stie er seis jier efterinoar op it poadium by it wrâldkampioenskip sprint foar professionals. Yn 1933 waard er tredde, yn 1934 en 1935 twadde en yn 1936, 1937, 1938 en 1939 wer tredde. De earste fiif jier waard it kampioenskip wûn troch Scherens en yn 1938 troch de Nederlanner Arie van Vliet. Yn 1939 waard de finale tusken Van Vliet en Scherens fanwegen it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich ûnder it kampioenskip net mear ferriden.

Ofkear fan nazirezjym bewurkje seksje

Richter jilde as fûl tsjinstanner fan it Dútske nazirezjym. By bûtenlânske kollegarenners bestimpele er it bewâld as ien grutte Verbrecherbande (kriminele binde). Hy wegere om yn offisjele wedstriden it nasjonale shirt mei it swastikateken te dragen en keas yn stee dêrfan foar it âlde tenu mei in earn. By it wrâldkampioenskip baanhurdfytsen fan 1934 yn 'e Dútske stêd Leipzig joech er iepentlik blyk fan syn walging foar Adolf Hitler troch net de Hitlergroet te bringen. By de Dútske kampioenskippen yn datselde jier wegere er ek de groet út te bringen.

De iepenlike antypaty tsjin it rezjym late ta ôfkear by Dútske kollegahurdfytsers. Nettsjinsteande dat hie de suksesfolle en populêre Richter lange tiid net folle te frezen fan de oerheid. Nei it útbrekken fan de oarloch yn 1939 besleat er op oanrieden fan syn manager Berliner, dy 't fanwegen syn joadske eftergrûn al in pear jier yn Nederlân ferbleau, definityf nei it bûtenlân ta te gean. Richter wie benaud dat er oproppen wurde soe foar it leger en woe net foar de nazi's fjochtsje tsjin de Frânsen.

Ferstjerren bewurkje seksje

Op 9 desimber 1939 ried Richter syn lêste wedstriid yn Dútslân. Hy wûn de Grutte Priis fan Berlyn. Op 31 desimber naam er de trein nei Switserlân, dêr't er nea oankomme soe. Hy hie plannen om yn Engelberg mei kunde in hotel te begjinnen. By de grinspost Weil am Rhein ferdwûn er lykwols út de trein. It Dútske hurdfytsbûn brocht in pear dagen letter it ferhaal nei bûten dat er omkaam wie by in sky-ûngelok.

Tsjûgeferklearringen fan de Nederlânske hurdfytsers Kees Pellenaars en Cor Wals, dy't beiden oanwêzich wiene yn de trein, ûntkrêftsje de offisjele lêzing. Pellenaars en Wals ferklearren yn de Belgyske krante Het Volk dat Richter yn Weil am Rhein oanhâlden wie troch Dútske soldaten, dy't yn 'e bannen fan syn fyts jild oantroffen hiene. It feit dat fuortdaalk de fytsbannen trochsnien waarden en der net nei syn oare bagaazje sjoen waard, docht fermoeden dat Richter ferret wie. Neffens Pellenaars en Wals wie er út de tiid doe't er de trein útdroegen waard. Oare tsjûgen melden dat Richter yn in truck nei it ynternearringskamp dat net fier fan Lörrach ôf wie, oerbrocht waard. Nei oanlieding fan dat ferhaal waard earst sein dat Richter op 'e flecht stoarn wie en dêrnei kamen se mei it ferhaal dat er himsels tekoart dien hie troch him op te hingjen. Dat lêste waard op papier de offisjele deadsoarsaak.

Albert Richter ferstoar yn 'e âldens fan 27 jier.

Neitins bewurkje seksje

Richter waard heal jannewaris 1940 yn Keulen op it Alten Ehrenfeldertsjerkhôf (tsjintwurdich ûnderdiel fan it Melatentsjerkhôf) begroeven. De plechtichheid waard bywenne troch famyljeleden en inkelde kollegahurdfytsers. Troch wa’t Richter ferret is, is nea dúdlik wurden. Syn manager Berliner oerlibbe de kriich en die yn de jierren dêrnei ûndersyk nei de dea fan syn pupil. Hy fertocht de Dútske hurdfytsers Werner Miethe en Peter Steffes, mar koe syn fermoedens net hurd meitsje. Miethe en Steffes soene yn 1937 Berliner weiwurkje wollen hawwe, om sels Richter begeliede te kinnen. Foar syn fuortgean nei Switserlân soe Richter oan Steffes ferklearre hawwe dat er foar kunde jild smokkelje soe. De beruchte SS-offisier Viktor Brack soe it befel jûn hawwe om Richter te eksekutearjen.

Yn West-Dútslân waard Richter lange tiid net erkend as nazi-slachtoffer. Yn 1989 waard troch twa filmmakkers in dokumintêre oer him makke; Auf der Suche nach Albert Richter - Radrennfahrer. Yn dizze film waarden ûnder oare Steffes, wilens op hege jierren, en syn frou ynterviewd, dy't beide fûl reagearren op de âlde fertinkingen fan Berliner.

Yn 1996 waard de nije Keulske velodroom nei Richter ferneamd.

Literatuer bewurkje seksje

  • Albert Renz & René Schaap - Ongewenst. De wereldkampioen wielrennen en zijn joodse coach" - 20 maaie 2022 - ISBN 9789464484328

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL