De wylde hyasint (Hyacinthoides non-scripta, foarhinne Scilla non-scripta of Endymion non-scriptus) is in maaitiidsplant fan it slachte "Scilla".

wylde hyasint
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift asperzje-eftigen (Asparagales)
famylje asperzjes (Asparagaceae)
skaai wylde hyasinten (Hyacinthoides)
soarte
Hyacinthoides non-scripta
(L.) Chouard ex Rothm., 1753

De plant waard al troch Linnaeus beskreaun. Hy dielde him yn by de hyasinten. Ut dy tiid stamt ek de it nammediel non-scripta omdat by dizze plant yn tsjinstelling ta de hyasinten gjin wite tekens yn de blomdekblêden te ûnderskieden binne. Letter die bliken dat de plant ta it slachte "Scilla" hearde.

De blêden binne gersfoarmich, lang en 1-3 sm breed. De blommen binne buis- oant klokfoarmich, meast wyt of blauw. Op ien en itselde steanplak kin in ferskaat oan kleuren en foarmen oantroffen wurde.

De frucht is aaifoarmich, it sied is swart.

Wylde hyasint (detail)

Fersprieding

bewurkje seksje

De plant komt oarspronklik út Súdwest- en Noardwest-Jeropa. It tsjintwurdige ferspriedingsgebiet beslacht Noard-Frankryk, Lúksumboarch, Belchje, Nederlân, Noardwest-Dútslân en Grut-Brittanje. De wylde hyasint wurdt rekkene ta de stinzeplanten.