Wynmotor Blesdike
De Wynmotor Blesdike is in poldermole by it doarp Blesdike, yn de gemeente Weststellingwerf.
De Wynmotor is in mealreeë Amerikaanske wynmotor. Hy stiet yn de buert fan de Linde, ûngefear twa kilometer ten noarden fan it doarp. De mole waard yn 2005 nij gearstald út dielen fan earne oars ôfbrutsen wynmotors, ûnder mear fan in eksimplaar fan it type Record 16 dy't foarhinne yn de omkriten fan Gytsjerk stie. Oare ûnderdielen fan de mole waarden nijmakke, wêrûnder de kamrêdoerbringing. De wynmotor hat achttjin blêden fan roastfrij stiel, in toer fan sân meter heech, in flecht fan 5 meter en is folslein fersonken. Hy is eigendom fan it Wetterskip Fryslân en net iepensteld foar publyk.