Wynmotor Wurdum

(Trochferwiisd fan Wynmotor Swichum)

De Wynmotor Wurdum is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Wurdum, dat yn de gemeente Ljouwert leit. De mole is in lytse Amerikaanske wynmotor mei in flecht fan 4,5 meter, fan it type Record 18. It boujier is ûnbekend. Foarhinne stie de wynmotor sa'n 300 meter besúdeasten Swichum tichtby de Ayttadyk, mar nei in yngeande restauraasje dy't yn 2005 begûn, krige er op 18 septimber 2009 in nij plak by de iisbaan fan Wurdum. De wynmotor is mealree yn sirkwy en kin de iisbaan fan wetter foarsjen.

Wynmotor Swichum

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje