Haadmenu iepenje
Yme Schuitmaker
Schuitmaker mei syn dochters Geartsje en Aukje
Schuitmaker yn de USA

Yme Christiaans Schuitmaker (Frjentsjer, 22 febrewaris 1877 - Ljouwert, 16 septimber 1961) wie in jirpelkeapman en toanielskriuwer. Yn 1903 troude er mei Maartje Sytsma fan Achlum en hie mei har twa dochters en yn 1934 mei Boukje Schaafsma fan Wergea krige er noch trije bern.

Schuitmaker hat mear as 40 toanielstikken en revu's skreaun. Rudolf Wilhelm Canne en Schuitmakker befrijden it Fryske toaniel fan de lytsboargerlikheid. Yn tige spylber wurk bringt er maatskiplike problemen foar it fuotljocht. In stik fan 'Schuit' (de 'Fryske Heijermans' dy't ek by Gerhart Hauptmann en Ibsen yn de lear gie) wie jierrenlang regel op in Fryske toanieljûn. Hy boude syn wurk benammen op kontrast en konflikt. Drankmisbrûk, sosjale ellinde en houliksleed binne weromkommende tema’s yn syn wurk. Hy trede ek sels geregeldwei op. Yn 1925 makke er in toerneetroch Amearika, net allinne as toanielman, mar benammen ek as foardrager en as sprekker. Fia Roel Oostra, âld-direkteur fan De Lawei, krige Tresoar in kofferke fol mei persoanlik materiaal fan Schuitmaker. Dêryn sitte boeken dy’t fan him west hawwe, foto’s fan him, mar ek lp’s mei syn foardrachten, skriuwark, bonkaarten en sels syn rydbewiis.

Wurk (karút)Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: