Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno (Italjaansk: Festival Internazionale del Film di Locarno) is in filmfestival dat elts jier yn augustus holden wurdt yn 'e stêd Locarno, yn it Italjaansktalige diel fan Switserlân. It evenemint bestiet sûnt 1946 en hat as wichtichste priis it Gouden Loaihoars (Italjaansk: Pardo d'Oro). It Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno omfiemet ferskate kompetative en net-kompetative seksjes. Der wurde sawol lange as koarte films en ferheljende films as dokumintêres fertoand.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno | ||
plak en tiid | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Ticino | |
plak | Locarno | |
tiid fan it jier | augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1946 – no | |
offisjele webside | ||
www.pardo.ch |
Skiednis
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno waard foar it earst holden yn 'e simmer fan 1946, doe't it úteinsette mei in fertoaning, op 23 augustus fan dat jier, fan 'e film O Sole Mio fan Giacomo Gentilomo. Der waarden dat jiers yn totaal fyftjin films draaid, wêrûnder guon fan Roberto Rossellini en Billy Wilder. Op lettere edysjes wiene ek koarte films wolkom. Yn 2020 gie it festival oer omreden fan 'e koroanafiruspandemy, mar fan 4 oant 14 augustus 2021 fûn de 74e edysje fan it evenemint plak, dêr't in publyk fan mear as 75.000 minsken op ôf kaam.
Prizen
bewurkje seksjeDe wichtichste priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno is it Gouden Loaihoars, dat ferjûn wurdt oan 'e as bêste beoardiele film út 'e Ynternasjonale Kompetysje. In folsleine opsomming fan 'e prizen op it festival is sa:
- Ynternasjonale Kompetysje (Concorso Internazionale)
- Gouden Loaihoars (Pardo d'Oro) foar de bêste film, takend troch de stêd Locarno
- Spesjale Sjuerypriis foar de op ien nei bêste film, takend troch de stêden Ascona en Losone
- Loaihoars foar Bêste Rezjy
- Loaihoars foar Bêste Akteur
- Loaihoars foar Bêste Aktrise
- Swatch First Feature Award, takend troch in sjuery besteande út ynternasjonale filmkritisy oan in debút fan in regisseur.
- Filmmakkers fan Hjoed Kompetysje (Concorso Cineasti del Presente)
- Gouden Loaihoars – Filmmakkers fan Hjoed foar bêste film
- Ciné+ Spesjale Sjuerypriis – Filmmakkers fan Hjoed, útrikt troch de Frânske tillefyzjestjoerder Ciné+ Club, besteande út útstjoerrjochten fan 'e winnende film
- Loaihoars foar de Bêste Nije Regisseur (Pardo per il Miglior Regista Emergente)
- Loaihoars foar de Bêste Earste Film (Pardo per la Migliore Opera Prima) (2006-2009)
- Loaihoarsen fan Moarn (Pardi di Domani)
- Gouden Loaihoarske (Pardino d'Oro) foar de Bêste Ynternasjonale Koarte Film
- Gouden Loaihoarske foar de Bêste Switserske Koarte Film
- Sulveren Loaihoarske (Pardino d'Argento) foar de Ynternasjonale Kompetysje
- Sulveren Loaihoarske foar de Switserske Kompetysje
- Pianificapriis (koarte film dy't troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno nominearre wurdt foar de European Film Awards)
- Priis foar Bêste Switserske Nijynkommeling
- Premio Medien Patent Verwaltung A.G. (wint fergese ûndertiteling fan 'e film yn trije Middenjeropeeske talen)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |