Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis

It Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis (Ingelsk: St. Louis International Film Festival), soms ôfkoarte ta SLIFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd St. Louis, yn 'e steat Missoery. It tsiendeiske evenemint waard foar de earste kear organisearre yn 1992, doe noch yn april. Yn 1995 waard it ferskood nei novimber. De organisaasje efter it filmfestival neamde himsels yn 2003 om ta Cinema St. Louis.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan St. Louis
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Missoery
plak St. Louis
tiid fan it jier novimber
bysûnderheden
ôfkoarting SLIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1992 – no
org. troch Cinema St. Louis
offisjele webside
www.cinemastlouis.org

Tsjintwurdich wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis elts jier mear 300 films fertoand. Yn 2018 wiene der yn totaal 413 films, wêrûnder 88 lange films, 248 koarte films en 77 dokumintêres, dy't ôfkomstich wiene út 63 lannen en territoaria en troch in publyk fan 28.723 minsken besjoen waarden.[1] De bedoeling fan it evenemint is om sinematografy as in keunstfoarm oan te fiterjen troch de produksje en distribúsje fan films te fasilitearjen.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis wurde de folgjende prizen ferjûn:

  • Emerson Electric Audience Choice Award (in publykspriis foar bêste lange film)
  • Leon Award for Best Documentary (foar bêste dokumintêre)
  • Best of Fest Short Film Award (foar bêste koarte film)
  • Fox Theatre Emerging Filmmaker Award (foar bêste nije regisseur)
  • Emerging Actor Award (foar bêste nije akteur)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaiser, Kathy, Matinee Chat, 15 novimber 2018

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.