Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm (Sweedsk: Stockholms Filmfestival) is in filmfestival dat elts jier yn 'e twadde helte fan 'e moanne novimber holden wurdt yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm. It evenemint waard foar it earst organisearre yn 1990 en leit him derop ta om it oanbod fan 'e beskikbere films yn Sweden te ferbreedzjen. Dêrta moat in trêdepart fan 'e films dy't foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm selektearre wurde, it rezjydebút fan in filmmakker wêze.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm | ||
plak en tiid | ||
lân | Sweden | |
provinsje | Stockholms län | |
plak | Stockholm | |
tiid fan it jier | 2e helte f. novimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1990 – no | |
offisjele webside | ||
www.stockholmfilmfestival.se |
Allinne regisseurs dy't minder as trije films makke hawwe, kinne harren wurk meitingje litte nei de wichtichste priis fan it festival, it Brûnzen Hynder (Sweedsk: Bronshästen). De bekende Amerikaanske regisseur Quentin Tarantino wûn it Brûnzen Hynder bygelyks twaris: yn 1992 foar Reservoir Dogs (syn earste film) en yn 1994 foar Pulp Fiction (syn twadde film).
Dêrnjonken wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm in oeuvrepriis en in publykspriis (foar bêste film) ferjûn. De oeuvrepriis is wûn troch û.o. Dennis Hopper, Quentin Tarantino, Jean Paul Gaultier, Rod Steiger, Elia Kazan, Gena Rowlands, Roman Polanski, Lauren Bacall, Oliver Stone, Lasse Hallström, Susan Sarandon en Francis Ford Coppola. De publykspriis waard bygelyks yn 2007 wûn troch Juno, yn 2013 troch 12 Years a Slave en yn 2017 troch Three Billboards Outside Ebbing, Missouri.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm organisearret ek in parallel filmfestival foar bern en teenagers, it Juniorfilmfestival fan Stockholm. Dat wol bern en jongerein yn 'e kunde komme litte mei films fan oer de hiele wrâld dy't se oars nea sjen soene. Alle filmfertoanings yn it ramt fan it Juniorfilmfestival binne fergees tagonklik foar eltsenien fan 6 oant 19 jier. Fierders organisearret it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm elts jier yn augustus in fiifdeiske Simmerbioskoop yn 'e iepen loft yn it Rålambshovspark yn Stockholm.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |