Ynvestearjen

(Trochferwiisd fan Ynvestearder)

Ynvestearjen, oftewol it dwaan fan in ynvestearring, is yn 'e ekonomy it meitsjen fan in opoffering op it mêd fan jild, tiid of mankrêft (personiel) foar in doel dat pas op 'e lange termyn behelle wurde kin. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt ynvestearjen faak yn in rommere betsjutting útlein, wêrby't de klam lein wurdt op in útjefte no, dy't yn 'e takomst opbringsten generearje sil.

Ynvestearjen fan jild

bewurkje seksje

Algemiene útlis

bewurkje seksje

Mei in ynvestearring wurdt de foarrie fan kaptaalguod fergrutte, bgl. by de bou fan in masine of in fabryk troch in bedriuw om produkten te meitsjen. De ynvestearring wurdt weromfertsjinne troch de produkten te ferkeapjen. Yn 'e ferkeappriis binne dan ntl. de ôfskriuwingskosten fan 'e masine of it fabryk ynbegrepen. De ekonomyske formule dy't by dat soarte fan ynvestearrings heart, is:

  

Ferfangings- en útwreidingsynvestearrings

bewurkje seksje

Ynvestearrings dy't in bedriuw docht om kaptaalguod dat fan slitaazje te lijen hat, te ferfangen, wurde ferfangingsynvestearrings neamd. Dy hâlde de al besteande produksjekapasiteit op peil, mar fergrutsje him net. Ynvestearrings dy't dien wurde om 'e produksjekapasiteit grutter te meitsjen, hjitte útwreidingsynvestearrings. Foarbylden fan dat soarte fan ynvestearrings binne it setten fan in nije loads of de oanskaf fan in nije, bykommende masine. Bedriuwen moatte útwreidingsynvestearrings dwaan as harren maksimale produksjekapasiteit mei de besteande produksjemiddels berikt is. Troch nije produksjemiddels yn gebrûk te nimmen, wurdt dan de maksimale produksjekapasiteit fergrutte. De byhearrende ekonomyske formule is:

  +  

Troch technologyske ûntwikkelings is it ûnderskie tusken ferfangingsynvestearrings en útwreidingsynvestearrings lykwols net altyd like dúdlik. As men in nije masine keapet om in âldenien, dy't ôfskreaun is, te ferfangen, mar de nije masine hat folle mear kapasiteit as de âlde, is it dan in ferfangingsynvestearring of in útwreidingsynvestearring?

Djipte- en breedteynvestearrings

bewurkje seksje

By in oare yndieling fan ynvestearrings wurdt útgien fan 'e hoemannichte kaptaal per meiwurker. By in djipteynvestearring wurdt de hoemannichte kaptaal per meiwurker fergrutte: nei de ynvestearring kin it bedriuw dan mear produkten meitsje mei itselde oantal of minder wurknimmers. Sokke ynvestearrings kinne it resultaat wêze fan technologyske fernijings, hoewol't ek krapte op 'e arbeidsmerk in reden wêze kin. By in breedteynvestearring bliuwt de ferhâlding tusken kaptaal en arbeid gelyk. Sa'n ynvestearring kin in ferfangingsynvestearring wêze wêrby't de produksjekapasiteit net feroaret of in útwreidingsynvestearring wêrby't tagelyk ek mear wurknimmers oannommen wurde.

Ynvestearring en kosten

bewurkje seksje

Yn 'e ekonomy sprekt men fan in ynvestearring en net fan kosten as it doel fan in útjefte pas op 'e lange termyn behelle wurde kin. De grins leit almeast by in jier.

In foarbyld. As immen in bierke keapet en it daliks opdrinkt, is der gjin sprake fan in ynvestearring, mar fan kosten: it doel, it drinken fan bier, wurdt fuortendaliks berikt en der wurdt gjin winst makke. As men lykwols in bierke foar in oar keapet, mei yn 'e efterholle it idee dat dy persoan ferstân fan kompjûters hat en men him letter, as men problemen mei de kompjûter kriget, ris om help freegje kinne sil, kin soks beskôge wurde as in ynvestearring. Itselde jildt foar bedriuwen: de oanskaf fan grûnstoffen foar de produksje fan guod is gjin ynvestearring om't it produksjeproses oer it algemien op in frij koarte termyn ôfrûne is. It keapjen fan in nije masine, wêrby't it fiif oant tsien jier duorje sil foar't it apparaat himsels weromfertsjinne hat, is lykwols àl in ynvestearring.

Ynvestearrings wurde dan ek yn 'e measte gefallen dien foar kaptaalguod, lykas masines, gebouwen en transportmiddels. Kaptaalguod leveret in bydrage oan it einprodukt, mar makket gjin ûnderdiel út fan it einprodukt. Kaptaalguod hat oer it algemien in libbensdoer fan teminsten ferskate jierren.

Ferwurking yn 'e jierrekken

bewurkje seksje

Ynvestearrings liede gauris ta in grutte útjefte by de oanskaf en wurde dêrom as besit (aktiva) opnommen op 'e balâns fan in ûndernimming. Ynvestearrings (besittings) liede faak ta (jierlikse) ôfskriuwingskosten en faak ek ta finansieringskosten (d.w.s. dat men foar de oanskaf in liening ôfslute moat dêr't rinte oer betelle wurde moat), ûnderhâldskosten, opslachkosten, befeiligingskosten, fersekeringskosten, ensfh. Dy kosten komme ta utering yn 'e resultaterekken fan 'e ûndernimming.

Immen dy't jild stekt yn in bedriuw dat sines net is, wurdt in ynvestearder neamd. Sa'nent ferwachtet letter gjin rinte op syn ynvestearring, mar wol in diel fan 'e winst: in winstútkearing. Ynvestearjen yn dizze sin fan it wurd is besibbe oan belizzen, mar it is net itselde. Belizzen is it oanskaffen fan finansjele wearden dy't frij ienfâldich te ferhanneljen binne, lykas frjemd jild, oandielen en obligaasjes. Kaptaalguod, lykas huzen, fabriken en yn guon gefallen keunst, falle net ûnder belizzings.

Tiidsynvestearring

bewurkje seksje

In ynvestearring is faak in opoffering fan jild, mar ek it opofferjen fan tiid kin in ynvestearring wêze. Immen kin neitinke oer in fraachstik, of in boek lêze, of in sosjaal netwurk opbouwe. Dat binne allegear dingen dy't as ynvestearrings útlein wurde kinne. Oare foarbylden binne it folgjen fan in oplieding of de training fan in atleet foar in sportprestaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.