Yvette Bova (Junction City (Kansas), 6 april 1965)[1] is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Foarhinne wie hja in militêr en tsjinne hja by de Amerikaanske Loftmacht. Dêrnei makke Bova namme as bodybuildster en fitnessmodel, wêrby't se benammen in protte súkses hie by wedstriden yn East-Aazje en Oseaanje. Sûnt 2005 makket se furoare yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Bova wennet op 't heden yn Las Vegas.

Yvette Bova
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yvette Bova
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 april 1965[1]
berteplak Junction City (Kansas)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise, produsinte
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.clubyvette.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en militêre tsjinst

bewurkje seksje

Bova waard neffens in ornaris betroubere boarne yn 1965[1] berne yn Junction City, yn 'e steat Kansas, hoewol't in oare boarne hawwe wol dat se yn 1962 te wrâld kaam.[2] Se groeide op yn Denver, yn Kolorado. As tiner joech hja har yn 1980 by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't se trettjin en in heal jier by tsjinne, oant se yn 1993 earfol ôfswaaide.

Bodybuilding-karriêre

bewurkje seksje

Yn 1992 sette Bova útein mei bodybuilding, en yn 1996, doe't se 31 jier wie, die se op dat mêd mei oan har earste wedstryd. Hja wûn ferskate titels, wêrûnder twa kear op rige dy fan Miss Far East, by wedstriden yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel. Ek wûn se twaris de earste priis yn 'e kategory bêste poseur by wedstriden op Okinawa, yn Japan. Se behelle it twadde plak yn 'e lichtgewichtfrouljusdifyzje by it Iepen Nasjonaal Bodybuilding Kampioenskip fan Gûam, yn 1996, en it jiers dêrop wûn se it earste plak yn deselde ôfdieling op 'e Marjo Selin's Muscle Classic, op it Hawaïaanske Maui.

Ynternasjonale útslaggen

bewurkje seksje
  • 1996 Iepen Nasjonaal Bodybuilding Kampioenskip fan Gûam: 2e plak (lichtgewichtkategory)
  • 1997 Marjo Selin's Muscle Classic: 1e plak (lichtgewichtkategory) en 2e plak (mingd dûbelkategory)
  • 1997 Hawaïaansk Legerkampioenskip: 1e plak (lichtgewichtkategory) en "bêste poseur" (overall)
  • 1999 Designer Body Muscle & Physique Steatskampioenskip: 1e plak (lichtgewichtkategory) en 1e plak (overall)
  • 1999 Amerikaansk Iepen Frouljuskampioenskip Bodybuilding: 1e plak (overall)
  • 1999 Paradise Cup: 3e plak (middelgewichtkategory)
  • 2002 NPC USA Kampioenskippen: 16e plak (middelgewichtkategory)
  • 2003 NPC USA Kampioenskippen: 8e plak (middelgewichtkategory)
  • 2003 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 10e plak (middelgewichtkategory)
  • 2004 NPC USA Kampioenskippen: 2e plak (middelgewichtkategory)
  • 2004 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 7e plak (middelgewichtkategory)
  • 2005 NPC USA Kampioenskippen: 12e plak (middelgewichtkategory)
  • 2005 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 6e plak (middelgewichtkategory)
  • 2006 NPC USA Kampioenskippen: 6e plak (middelgewichtkategory)
  • 2006 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 11e plak (middelgewichtkategory)

Bova loek har werom út 'e wrâld fan 'e wedstryd-bodybuilding nei de Amerikaanske nasjonale wedstriden fan it NPC fan 2006.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Yn 2005, doe't se fjirtich jier wie, makke Bova har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in tweintichtal pornofilms spile, û.m. foar de foaroansteande studio Adam & Eve. Ek hat se wol wurke foar de ûnbekendere labels CX Wow Productions, Iron Belles en AweFilms. It measte hat Bova lykwols yn 't spier west foar har eigen produksjemaatskippij YB Entertained (útspr. as why be entertained; YB stiet fansels foar Yvette Bova). Dat bedriuw rjochte se op yn 2002. Boppedat hat se in grut tal sênes makke foar har offisjele eigen webside ClubYvette.com.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Bova is in dûnker kleure Afro-Amerikaanse. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 64 kg. Har boarsten hat se twaris fergrutsje litten, en har hjoeddeistige kupmaat wurdt werjûn as 38E of 40FF. Bova hat in piercing troch har lofterspien en in tatoeaazje fan in swarte panter op har rjochterskouder.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Biografyske gegevens fan Yvette Bova op FreeOnes.
  2. Biografyske gegevens en filmografy fan Yvette Bova yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.