Frits Zernike

(Trochferwiisd fan Zernike)

Frits Zernike (16 july 1888, Amsterdam - 10 maart 1966, Naarden) wie in Nederlânske natuerkundige dy't yn 1953 de Nobelpriis foar de Natuerkunde krige foar syn útfining fan de fasekontrastmikroskoop

Frits Zernike yn 1953

Zernike waard berne te Amsterdam as Frederik, twadde soan út in húshâlding fan seis bern. Syn heit, Carl Frederik August Zernike, en syn mem, Antje Dieperink, wienen beide wiskundedosinten. Ien fan syn susters wie Anne Zernike en dy wie wer troud mei de skilder Jan Mankes.

Yn 1905 kaam er nei de Universiteit fan Amsterdam dêr't er skiekunde studearre. Dêrneist studearre er ek noch natuer- en wiskunde. Yn 1913 waard Zernike assistint fan Jacob Cornelius Kapteyn, de ferneamde heechlearaar yn de astronomy oan de Ryksuniversiteit Grins. Twa jier letter waard hy lektor yn de wiskundige natuerkunde oan de universiteit en yn 1920 waard er dêr heechlearaar yn 'e teoretyske natuerkunde.

Fazekontrastmikroskoop

bewurkje seksje

Yn de tritiger jierren ûntduts Zernike de fazekontrastmetoade en ûntwikkele hy de fazekontrastmikroskoop. Dat is in mikroskoop mei in kleurfazekontrast; dêrmei is it byld fan de preparaten kontrastryker en sa binne de preparaten better te sjen.

Nobelpriis foar de Natuerkunde

bewurkje seksje

Foar syn ferskaat oan wittenskiplik natuerkundich ûndersyk hat er, neist de Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1953, foar it útfinen fan de fazekontrastmikroskoop yn binnen- en bûtenlân in ferskaat oan wittenskiplike prizen, earelidmaatskippen en earedoktoraten hân.