's-Gravelandsevaart
De 's-Gravelandsevaart waard groeven yn 1634 en rint fan de Fecht nei it westlike diel fan it Goai (bylâns de tsjintwurdige N236). By 's-Graveland bûcht de feart yn súdlike rjochting ôf nei de Loasdrechtske Plassen. De feart hat in lingte ian ± 12 kilometer.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de Gouden Iuw beleinen rike keaplju fan Amsterdam harren jild yn it drûchlizzen fan polders en it bouwen fan bûtenpletasen.[1] Yn 1625 makken de Amsterdammers harren plannen bekend om de sânheuvels en moerassen yn it westen fan it Goai te ûntginnen en hjirop bûtenpleatsen te setten. Dit gie net sûnder slach of stjit en troch fûleindich lokaal ferset waard pas yn 1634 in oerienkomst sluten.[2] Meardere bûtenhuzen binne letter boud, wêrfan Trompenburgh it meast bekend is.
Om de ûntginning van het terrein mooglik te meitsjen wie in goede ferbining mei Amsterdam needsaaklik. It graven fan kanalen en fearten hie begjin 17e iuw in hichtepunt en de keuze foar in feart waard gau makke. By it graven fan de feart waarden safolle mooglik besteande wetterwegen brûkt, mar it grutste diel waard nij groeven. De oanlis duorre rom oardel jier. Njonken de feart lei in jaachpaad, wêrmei't ek in weiferbining ta stân kaam. Om 1650 waard noch in sydtakke yn de rjochting fan Hilfersom groeven, de Goaise-, Hilfertsomske- of Beresteinse feart.
De feart hat trije slûzen, by de Fecht, de noardslûs oan it Noordereinde fan 's-Graveland en yn it suden oan de Zuidereinde. De noardslûs wie de start fan it gedielte fan de feart dat lei tusken de hege sângrûnen fan It Goai en de feangebieten fan de Ankefeanse polder. De slûs oan de Zuidereinde markearde de oergong nei de Loasdrechtske Plassen. De slûs by de Fecht, ôfmjitting ûngefear 5 meter breed en 25 meter lang, wie needsaaklik omt de rivier noch yn iepen ferbining stie mei de Sudersee. Pas yn 1672 waard de seeslûs by Muiden boud. Foar dy tiid lei der in slûs by Hinderdam, fierder stroomopwerts fan de Fecht.
Funksje
bewurkje seksjeNeist passazjiers, waard oer de feart sân dat yn it westlike diel fan it Goai ôfgroeven waard, ferfierd nei Amsterdam foar de stedsútwreiding. Fierders waard turf fanút plakken as Koartehoef en Ankefean nei de stêden yn it westen ferfierd. Fanút Amsterdam waard hússmoargens oanfierd. Dizze, meast organyske, smoargens waard brûkt om de keale en earme sângrûn te bedongjen.
Al langer as 50 jier foar de oanlis fan de feart en slûs lei op dit steed al in skâns, benammen foar de ferdigening fan Weesp. By de oansluting fan de feart mei de Fecht wie in skutslûs needsaaklik. Dizze krige al gau in rol tabedield yn it inundaasjesysteem fan it gebiet ten easten fan de Fecht. De skutslûs lei yn it earstoan yn it fort, mar dit joech in soad oerlêst. Yn 1878 waarden slûs en feart ferlein nei it noarden en om it fort hinne lieden. Uitermeer is de âlde namme foar de tsjintwurdige Naardermar.
Hjoeddeiske situaasje
bewurkje seksjeIt Fort Uitermeer en de slûs binne monumint. De Uitermeerslûs wurdt noch mat komselden brûkt. Fan plesierfeart is eins gjin sprake; allinnich it meast súdlike stik fan de feart dat leit tusken de Loasdrechtse plassen en it Hilfertsomsk kanaal hat op sinnige dagen noch wat rekreatyf gebrûk. De noardslûs is net mear befarber, troch in lytse keardaam dy't dêr komd is.
De N236 en de 's-Gravelandsevaart foarmje tegearre in grutte barriêre tusken de natoergebieten Naardermar/Hilfertsomske Bovenmeent en de Ankefeanse Plassen. Om de ekologyske gearhing tusken beide gebieten te fersterkjen sille twa faunapassaazjes (fiadukten) oanlein wurde. Mei de bou fan de passaazjes sil grif yn 2010 begûn wurde.[3]
Fort Uitermeer hat al lange tiid syn militêre funksje ferlern. Fan it oarspronklike fort is net folle mear oer; de festinggrêft leit der noch en fan de gebouwen steane allinnich noch it toerfort en in kanon remise. It wie lange tiid yn gebrûk as munysjeopslachplak en letter as wurkromte foar de provinsje Noard-Hollân. Op 22 april 2009 hat de provinsje it fort oerdroegen oan de Stichting Uiteraard Uitermeer dy't it terrein fierder ûntwikkelje sil.[4] Troch resint graafwurk is de âlde slûs wer sichtber wurden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|