Fraachteken
? ¿ |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
It fraachteken is in lêsteken dat brûkt wurdt oan de ein fan in fraachsin, dêrmei wurdt dúdlik makke dat it om in fraach giet. Dit wurdt allinnich dien by direkte fragen, by yndirekte fragen is der gjin fraachteken nedich. Bygelyks:
- Sjochst do dy earebarre dêr?
- Freark frege hoe let it is.
As jo gau wat witte wolle, wurde der ek wolris mear as ien fraachteken brûkt nei in sin, al is dit neffens de rigels fan Fryske grammatika net tastien. Somtiden wurde fraachtekens kombinearre mei útroptekens, bygelyks:
- Bist do no hielendal healwiis?!
Yn tekenteltsjes en guon tekenfilmkes ferskynt in ? yn de tinkwolk fan immen dy’t him wat ôffreget.
Oare talen
bewurkje seksjeYn it Spaansk wurdt der by in fraachsin ek oan de begjin fan de sin in fraachteken delsetten, mar dan op de kop:
- ¿Qué tal?
Ek by in sin mei in útropteken wurdt oan de begjin in útropteken setten, ek dan op de kop.
Yn it Arabysk wurdt fan rjochts nei lofts skreaun, ek it fraachteken is hjirop oanpast, dat stiet krekt oarsom: ؟. Yn it Gryksk wurdt oan de ein fan in sin in puntkomma (;) setten.
Oarsprong fan it teken
bewurkje seksjeIt symboal ? komt nei alle gedachten fan yt Latynske quæstio (tink oan it Ingelske question), dat ôfkoarte waard nei Qo. De haadletter Q waard skreaun boppe de lytse letter o, en dit teken feroare stadich oan yn it teken dat wy hjoed de dei brûke. In oare teory oer wêr’t it fraachteken wei komme kin is dat oan de ein fan in fraachsin in punt setten waard mei dêr boppe in tilde (~) om de fraachklank oan te tsjutten.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - fraachteken