Stipskrapke
; |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
In stipskrapke of puntkomma is in lêsteken dat bestiet út in punt en in skrapke (of komma) ûnderinoar. Omdat de puntkomma midden yn in sin skreaun wurdt komt der dan ek nea in haadletter efter. [1] Neffens skriuwadviseur Jan Renkema is de puntkomma it lestichste lêsteken, om’t it ûnderskied mei de komma oan de iene kant en de punt oan de oare kant hiel lyts is, wylst boppedat betizing mei de dûbele punt mooglik is.[2]
De ynformaasje oan wjerskanten wurdt troch it brûken fan de puntkomma sterk meiïnoar ferbûn, folle steker as wannear’t der in punt brûkt wêze soe. By it brûken fan de komma is it ferbân tusken de twa parten fan sinnen noch sterker. As yn in sin twa kear de kombinaasje ûnderwerp/ferbûge tiidwurd/saaklik foarwerp foarkomt en dy twa parten dúdlik yn inoars ferlingde lizze of sûnder elkoar net folle sizze dan kin, om de lêsberens te fergrutsjen, in puntkomma brûkt wurde. Dat is mar in rjochtline en helpt om it ferskil tusken de twa parten oan te jaan en om parten byinoar te belûken.
Guon fine it brûken fan in soad puntkomma’s yn in tekst driuwerich oerkommen; in foardiel is dat troch midsmjittich brûken de tekst mear begjint te libjen en eventuele toarrens ferlieze soe.
Foarbylden:
- "Wy ha in moaie simmer hân; benammen augustus hie prachtich sinneskynwaar.”
- "Elkenien is wolkom op myn jierdei; mar ik hoopje dat neef Pyt net komt.”
- "Jakob wie alinnich; it wiif wie by him weigien.”
- "Jakob wie alinnich; Jantsje wie by him weigien.” (Hjir dus wol in haadletter, om’t Jantsje in eigennamme is.)
De puntkomma wurdt ek brûkt yn opsommings, wêrby’t de leden út mear as in pear wurden besteane of sels komma’s yn hawwe. Bygelyks: Der binne op elts mêd wol in Grutte Trije: W.F. Hermans, Gerard Reve, Harry Mulisch; Toon Hermans, Wim Sonneveld, Wim Kan; Bach, Mozart, Beethoven; Tetman de Vries, Rients Gratama; Teake van der Meer (Lytse Teake). By folsleine sinnen hâlde dy mei in punt op. Opsommings wêrby’t de leden út in pear wurden besteane krije gjin puntkomma.
Foarbyld:
Hjirby koene wy der foar kieze om:
- mei te dwaan oan it skaaktoernoai;
- in fytstocht te meitsjen;
- koekjes te bakken;
- ferskes te sjongen.
De puntkomma hat ASCII-teken 59, of 0x003B
Programmeartalen
bewurkje seksjeYn in soad kompjûtertalen wurdt de puntkomma (;) brûkt om de ein fan in statement oan te jaan(C, Java, PHP, Actionscript) of om twa statements faninoar te skieden (Algol, Pascal). Yn in soad assembleartalen skiedt de puntkomma de ynstruksje fan it kommentaar.
Emoticons
bewurkje seksjeDe puntkomma hat de ôfrûne jierren in soad oan populariteit wûn troch it brûken fan emoticons (smileys). Dêrby wurdt de puntkomma yn kombinaasje mei in ) gauris brûkt om in knypeagjende smiley oan te tsjutten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|